Op lichte reels gûnzje ik mei de faasje fan in sneltrein nei de stêd. Earst heech by it brede wetter del, dan as op lucht oer drokke diken en krúswegen. Op leger nivo feroarje de bûtenwiken yn weagen fan stedske bebouwing mei kreas berape gevelstien. Rap komme rûnom de ikoanen fan âlde en moderne arsjitektuer oer de dakken tichter by. Mar foar we de stânfêstige beakens berikke dûk ik ûnder de grûn. Opslokt yn de pipen fan in like fernimstich as ûnbidich systeem: de spelonken fan in metropoal. Ergens yn dy ûnttsjustere put stap ik út en wurd ik in wrotter. Mei ferdrach baan ik my in paad troch in bline massa. Yn dat leger, dêr't ik as soart oan besibbe bin, mar net ien fan kin, draaie alle mooglike nasjonaliteiten troch in grutte kolk ferskate kanten op. Dat elkenien yn dat kommen en gean it paad wit, ik kin der net by. It giet my lykwols ek hast fansels. Roltrep nei roltrep lit ik my nei de djipste lagen sûgje. Op it leechste punt hapert de floed. Ûnbeweechlik libben stiet yn de wacht. Stoefe blikken sjogge skoftich of sljochtwei ûnferskillich foar har út. In inkeling nimt de situaasje betochtsum yn him op. It besaut my. Krekt út de loft wei plukt bin ik folslein anonym yn in swijende hage skood. Skouder oan skouder. Allegear tûke tinkers, allegear dreamers en dwilige dwazen. Gjinien dy't fan de oar wat wit. Stille wille en lydsum lijen. Dochs fiel ik my net allinnich. We sykhelje deselde droege lucht, harkje nei itselde ratteljende ritme fan oanboazjend lûd. It wachtsjen is op it sinjaal dat ús yn in rige konteners fan oerslach nei oerslach ferfiere sil.