op it each ôf
is gjin wurd te folle
Maaie
Akwarellewaar
As ferwaaide fearren
troch in wieljende wyn,
wilens wosken en drûge
ûnder it hier fan pinsielen
blikkert it nûgjende ljocht
fan ferwettere kleuren
ús yn fynstrielende lagen
op it netflues temjitte.
Ympressionisme,
transparant by flagen,
it kin de master net misse.
Gjin streek is doelleas,
spatten en flekken binne raak
yn it akwalrellewaar fan maaie.
Oudere post
Homepage