Sjoch

Beweging oan 'e muorre, feest yn primêre styl
mei de toan fan stille wurden fergarre yn in list.
Ferside skriuwersbylden: net libben beskreaun
en drukt as boek, mar alsidich kleur jûn mei in
kwast op in doek, ûnder in laach fan ivich fernis.


Hark

Stimmen oan 'e muorre, leven yn in sletten kast,
it lûd fan toverwurden bewarre ûnder in knop.
Ferjitten dichtersbylden: net hakke yn moarmer
of getten yn brûns, mar klonken yn blinkend stiel
en tiidleas ankere oan in bakstiennen fûnemint.



de reis



               De reis

               De reis nimt romte,
               net minder tiid.
               De reis is oeral
               in striid yn beweging
               dêrst bist of wiest,
               dêrst wêze wolst
               of noch hinnegiest.
               Frijheid of flecht,
               ek sûnder bestimming
               is de reis oerlibje
               yn in nije diminsje.

machtich



It wie gelokkich wer ris knap waar, dat ik gong even in slach om. Licht op 'e doele rekke ik fersile yn it doarp hjir deun by. Doarpen ha wat fertrouds, dat bliuwt lûken. Ast troch de buorren fytst wurdst geregeld groete. Dat jout dy it gefoel datst de ynwenners al jierren kenst. It seit him fansels dat ik der faker kom. It is in tierich plak. Se ha noch in waarme bakker en de supermerk mei in sliterij hat oanrin genôch. Yn 'e winkel praat it personiel Frysk en oars ferstean se dy wol. Kom dêr yn de healwoeksen stêd, dêr't iksels wenje, mar ris om. 
It wie healwei de sneontemoarn en drokker as oars. Hjir in dêr rûnen lâns de dyk keppeltsjes minsken. Ald en jong. Ik tocht it sil wol fan dat folk wêze, dat driuwend dwaande is mei it útsuteljen fan it wiere wurd. Se wienen grif net lykas my op 'e doele. Mar o deale, ik fersinde my. Dizze warbere minsken rûnen achter in kroade. In swiere kroade, grôtfol boeken. Doe wist ik it wol. Folk mei in oare opdracht. Sutelers. Dy kamen eartiids trou alle jierren ien kear del. Ik ha sels oait nochris meidien. Moai mei-inoar fuort, strjitte yn - strjitte út, fan doar nei doar. Allegear beflein fan itselde: de leafde foar it boek yn de Fryske taal. Dizze minsken dienen it hjir dus foar deselde goede saak: it Fryske wurd dat ferspraat wurde moat. Moai dat der noch guon binne dy't der yn leauwe, tocht ik.
Twa jongkeardels rûnen, swier boekkroadzjend, demonstratyf midden op 'e dyk. Gelokkich kin dat yn in doarp wat lije. Ik wist dat se in pear persint fan de opbringst yn de kas fan de pleatslike ferieningen stoarte mochten. Wa gunt in doarp dat net? Stadich helle ik de mannen yn. Se wienen drok yn petear. Fol fan de Fryske literatuer wie myn earste gedachte. Op´e nij hie ik it goed mis. It gong oer it kampioenskip balskoppen. En slim fernuvere hearde ik oan de tongfal dat net ien fan de beiden de Fryske taal machtich wie.


it waar

it waar en de dagen
de tiid en it skoft
dat it duorret


finzen


Underweis
troch it reislân yn´e holle
wurdst in weareld gewaar,
ast sûnder plan of kaart
yn it skaadryk fan de taal
dyn eigen rjochting bepaalst.

Oeral
dêrst wêze wolst kinst komme en
wylst grinsleas finzen yn´t tinken
alle ôfstannen bedimmest, nimst
geberchten op kraanfûgelwjukken,
lyk ast de see hoasfuotlings berinst.

Djip
yn dat wûnderlân ûnder de plasse
giest in âldbewende wrâld temjitte
en fynst ferhalen binnen hânberik,
omdat it paad fan de fingerseinen
it spoar yn 'e holle nea bjuster is.

it skip



       Ik dream soms oer jinter,

       by´t wekker wurden tink ik

       dan, dat ik der noch bin,

       yn dyselde lege keamer

       dêr't gjin deiljocht is en 

       it bêd sa dronken as in skip.

       It binne de roppige protters

       ûnder de pannen, krekt út it aai

       en de toarteldowen yn 'e goate

       dy't my fertelle dat ik my fersin.

de fraach

Bist bliid datst wer thús bist? Dat wie in fraach, dy't ik by oankomst werom op myn digitale  buordsje krige. Thús, it plak dat in fêst adres is, it part fan de identiteit dy'tst by it ynstjekken yn it hotel as in net te ferfrjemdzjen paspoartnûmer ynfolle moast. De basis fan dyn legale status. It is moai datst sa'n plak hast. It fertroude dak boppe de holle. It bêd en it kessen as garânsje foar in noflike nacht. It stee dêr'tst nei alle gedachten in bining mei fiele moatst.
It weromkommen is in wichtich part fan de reis. De ein makket de tocht folslein. Dan kin de balâns opmakke wurde en de ferhalen ferteld. Der kin fêststeld wurde of it al of net de muoite wurdich west hat. Dat de ûnderfining bepalend is  foar it  antwurd op de fraach sil dúdlik wêze. Al of net bliid om werom te wêzen dus, it falt net ta om dat yn in pear wurden del te setten, benammen omst altiten wer gau yn 'e rekken hast dat der neat feroare is. Alles bliuwt altiten mar by it âlde.  It lânskip, dat der ljocht fan de sinne sa gewoan hinne leit, mei kij yn de bûnte greide fol hynsteblommen ûnder in laaiblauwe loft en lichtgewicht wolken. Mei yn' e rook fan de earste sneed gers, in wikel wjukjend oan in line sykjend nei in mûzemieltsje.  Mei de fyts dy't by it koalsied del oer it asfalt sûzet. Mei de noch koarte jûnen en de nachten sa stil dat it klinkt as in swijend koar. 


It byld

Under wurden bringe is it minste net, mar hoe bringst de ûnderfining fan in ierdskok yn byld? Dat kin dy dwaande hâlde ast fanwegen dy malheur net mei de trein fierder kinst en ek net werom. Dan begjinst te tinken om de gedachten te fersetten. It byld datst fan de triljende ierde yn' e holle hast kinst fan foto's en fan de telefyzje. Of fan in realistyske rampenfilm. Hoe't it fielt as it midden yn'e nacht 80 kilometer fierderop bart en dyn bêd skoddet en kreaket sit my no noch yn de lea. De lichte neiskokken binne lykwols hast like slim, dêr skrikst algeduerich wer op'e nij fan. Faaks seit dat plestik fleske genôch, dêr't it wetter seismysk yn begjint te triljen as bewiis dat it gjin ferbylding is.

De Dome



Hjoed ha ik
beskamme skriemd.
De sinne wie fûl
en ik hie ferlet fan drinken.
Ik stie yn de stêd,
dêrt it fjoer fan de hel
trije dagen baarnde
en it wetter read wie
fan ferskroeide liken.
Doe wist ik lykwols dat
ik gjin toarst hie,
mar in stik yn de kiel.

Ferjaan en ferjitte
lies ik earne oars
op in skansearre stien.
Ik koe it my net begripe.