it skip



       Ik dream soms oer jinter,

       by´t wekker wurden tink ik

       dan, dat ik der noch bin,

       yn dyselde lege keamer

       dêr't gjin deiljocht is en 

       it bêd sa dronken as in skip.

       It binne de roppige protters

       ûnder de pannen, krekt út it aai

       en de toarteldowen yn 'e goate

       dy't my fertelle dat ik my fersin.