finzen


Underweis
troch it reislân yn´e holle
wurdst in weareld gewaar,
ast sûnder plan of kaart
yn it skaadryk fan de taal
dyn eigen rjochting bepaalst.

Oeral
dêrst wêze wolst kinst komme en
wylst grinsleas finzen yn´t tinken
alle ôfstannen bedimmest, nimst
geberchten op kraanfûgelwjukken,
lyk ast de see hoasfuotlings berinst.

Djip
yn dat wûnderlân ûnder de plasse
giest in âldbewende wrâld temjitte
en fynst ferhalen binnen hânberik,
omdat it paad fan de fingerseinen
it spoar yn 'e holle nea bjuster is.