in ryk lûd
Frysk is in libben boek
en tagelyk ferrifeljend
swier fan nocht en noed.
Yn wûndere ferwurding
- mei twa of trijelûd -
bliuwt it breklike besit
it oerreau fan ús moed.
En troch tinkferbylding
- op in skerm of papier -
is gjin inkel wurd te lyts.
Likemin it skeve skrapke
en it dakje, as we mar
sjen wolle wat der stiet.
hannen thús
Tink der om, mochtst
nergens oankomme! Sûnder tastimming is it ferbean om mar in finger út te
stekken. Hannen thús en de ferlieding ûnderdrukke, dat is de baas. Hast dy mar
yn te hâlden. Regels binne betocht om de mins stjoer te jaan, wetten om de
ferbrekkers yn de stringen te hâlden en sanksjes binne as ôflear net om 'e
nocht ynfierd, boppedat beskermje se it systeem.
Stikem al even ergens mei
de klauwen oansitte? Fiele hoe't in ferbeane frucht yn 'e hân leit? Tajaan oan de
ferlokking? Net dwaan! It moat net, it mei net en it kin net. Wa't net om lyk
wol sil it witte. Tink om de konsekwinsjes.
Mar toe mar, wa kin it bytiden
net litte? Wa hat himsels net altiten yn 'e hân? Want it is in toer. It is in
keunst. En it is in straf. Dan jokje de fingers der geregeld oer. Dan is it in
striid tsjin de ferlieding en in gefjocht mei de opspyljende driuw. In drift
dy’t kwealik del te bêdzjen is. Dat skrynt as in smetlape en stekt as sâlt yn
in iepen wûne. Men moat sterk wêze! Inkeld de sterksten stean de besiking. Of
binne dat krekt de skiters? Binne dat de lefferts? De stikemerts dy't allinnich
wat doare at gjinien sjocht? De blasten dy’t krekt mei sin har fingers baarne
wolle om mei reade earen en in gleone holle oan har gerak te kommen? Tink der
mar om, se binne warskôge!
it lûd
It is de taal fan de tekens dy't ús yn de fingers sit. Beweging fan
gedachten. Tinken fan unifersele betsjutting. Restleaze ynderlike krachten. It
binne wurden mei it lûd fan ferbylding en it is de holle dy't it yn de hannen
hat.
drone
Dat ik yn 'drone' bylden dreamde, dat die my
gjin nij, dat it fertroude bylden wienen, dêr seach ik fan op. Better sein: ik
seach der op del. Yn 'e rûs fan lichtens eage ik nei ûnderen en naam op de termyk it ierdske
skreppen út 'e hichte waar. De fêste grûn
dy't ik ferlitten hie strûpte yn de djipte ûnder my troch. Sângrûn, wetter en
klaai. Rjocht en sljocht. Fierderop gluorke
de kime tusken de see en de wolken. It wie likernôch as hie ik mysels as in
draak oan in tou op ûnberikbere hichte brocht en doe liet ik los.
Ik sweefde. Ik glierde. Ik dreau stadichoan
fuort. Wat wie 't in wûnder. Ik koe gjin ûnderfining betinke dy't my ea sa'n yllúzje
fan frijheid joech. De grinsleaze loftromte behindere my net en stelde gjin betingsten. Ik
krige de geast fan de wyn. Wa betinkt soks?
Wat lytser de wrâld waard, wat grutter de
kaart. Google maps die der net folle
foar ûnder. Swinkend fan streetview nei earthview
fersûpte it dak fan myn hûs yn in griemmank fan streekjes, stipkes en flekken op
in grutte griene plaat. De ierdske skeal fan de hjoeddeistige beskaving dêr't it wrâld-wide-web syn ûnsichtbere triedden ûnwrikber
fêst oer hinne spand hat. Yn dy mjitte docht
de yndividuele minske der amper noch ta. Myn flecht like dêr lykwols folslein
fan ferlost. It fleach frij yn de tiid fan it ljocht en ik frege my ôf: Wêr gean ik hinne? Hoe sil it komme? Is dêr jinder
noch wat om nei út te sjen?
ôfstân
Yn it ûnmjitlike berin seach ik net it lân
foar my lizzen dêr't ik graach hinne woe,
mar inkeld de fierte, ûnberikber skier.
It die my tinken, sels as der mear is as it
each sjocht, datst fan sa'n ôfstân net folle
sizze kinst as er dochs nea te berinnen is.
Sa bliuwt ûnmjitlik ûnberikber yn de tiid.
styl
Alle tiden fan it jier bekent it lânskip kleur. Mei moai
en minder waar en wat allegear net der tuskenyn. Mar skilders komme mei de
kwast foar har kleuren út. Net altiten yn de subtile tinten dêr't de natuer sa
ryk oan is, de skildersgeast brûkt in eigen styl en hâldt it yn sommige gefallen
strak. Mei fêste hân makket er bygelyks lânskipskeunst, of moat men miskien
sizze fan dekoraasje copy art?
Yn alle gefallen dogge de kleuren it hjir goed yn it
lân. Se springe monumintaal yn it each. Skerpe linen en
kante fakken yn in abstrakte harmony fan sterke kontrasten op in grien tablo. It
blau is lykwols oars as it blau fan de loft. It giel skynt gieler as de sinne.
En it read is reader as in klaproas. It wyt soe as wolkenljocht wol kinne, mar
it swart? Dat is igaal tsjuster, nei alle gedachten de ferbylding fan de nacht
en jout as tsjinstelling it gehiel mear macht.
de tiid
Is it in toer? Breed
en steech stiket it heimsinnige bouwurk fan gewicht as in strâne skip de hichte
yn. It mêsthege, lompe oerskot fan stien en beton stiet ferskûle yn it tichte
grien. In wâld dat waakst en sûnder talis de wrâld berint. De fersmiten slompe jout
gjin krimp, it is in metafoar. It robúste foarkommen in symboal: de púnheap fan
in tiid.
It is in minskeding, skepen troch minskehân mei in dak
sûnder pannen, it is gjin hûs, de muorren ha gjin doar of kezyn. Inkeld ien blyn each stoareaget fergees de romte yn.
It is in brok stien as yn it gedicht fan Wislawa, mar it hat gjin stim. De massa swijt. Stien jout gjin lûd. Stien harket net. It is kâlde matearje mei gebrek oan bloed. Taal op syn hûd wurdt wei. Wurden gean ferlern. Taal is ek mar in minskeding dat inkeld syn bestimming as hierogliven op de ruïne fan in tombe fynt.
It is in brok stien as yn it gedicht fan Wislawa, mar it hat gjin stim. De massa swijt. Stien jout gjin lûd. Stien harket net. It is kâlde matearje mei gebrek oan bloed. Taal op syn hûd wurdt wei. Wurden gean ferlern. Taal is ek mar in minskeding dat inkeld syn bestimming as hierogliven op de ruïne fan in tombe fynt.
It is in toer en sjoch yn sa'n stiensteapel sûnder
kalk en semint in fûnemint dat de tiid stiet. It hert ûntbrekt, ieren binne
tichtslibbe kieren. It lit gjin taal of teken hearre. It omskot is dôf foar de skerpe
wyn, it fielt gjin winterkjeld, it baarnt net yn de sinne, it is lykas de
bergen ien en mien mei de eleminten. Dat is grif de reden en faaks it doel, dat er langer as
de minsketaal oerlibje sil.
neaken
Dêr't eartiids op 'e Sweach boeken en lêzers
de romte dielden, dêr hong en stie no keunst. Moarmeren bylden en beskildere
doeken. Doe gongen myn eagen oer Mullisch en Claus, om mar ris in pear nammen
te neamen, no geriifden Eja Siepman van den Berg en Lu Xinjian it each. As figuratyf
byldhouwer en modern skilder liken se as it ware besibbe oan skriuwers en
dichters, want de atmosfear yn it monumintale gebou wie likernôch itselde as
doe. Yn de eardere biblioteek lústere ik yn in klimaat fan ferhoalen stilte nei
it lûd fan besieling. Literatuer en byldzjende keunst ha deselde muzikale toan.
En beide binne komposysjes fan en foar de geast.
Nijsgjirrich lies ik de titels, naam de wurden
yn my op en sloech ik de siden fan myn waarnimming om. Sa rûn ik tusken nije
ferhalen troch dy't bekende bylden oproppen. Mei ien foet yn it âlde spoar en de
oare yn dat fan it heden kaam it ferline ta libben. Unbeskreaune foarfallen,
fergetten petearen, ferfleine gedachten. Ik stie yn de keamer foar it rút fan it
hûs dat net mear bestie. Stien foar stien ôfbrutsen, inkeld ien finster bleau bewarre. Simmers en winters fleagen foarby, lykas fleurige maaitiden, wylst
hjerst nei hjerst de bosken ferkleuren. Boeken, bylden en doeken as wjerspegeling
fan in bestean. De neakene wierheid mei de eagen belibbe, oan it moed rekke en troch
de tiid beslein.
Abonneren op:
Posts (Atom)


