By in ûnbeskaat
lânskip
It is
gjin maitiid of simmer dat
him mei
gloede fan De Schiffart
yn de
ferve beskreaun litten hat,
likemin
hjerst of in kâlde winter,
want mei giel
en readkoperen
komponinten
draacht de kime
it sulverwurk
fan in ûntidige loft
dy’t it
swurk bluisterich berint,
wylst it
tegruzele himelljocht
troch
skimergrize wolkenlagen
in hiel jiergong
fan alle dagen
yn de
grûnsee wjerspegelet.