AI

AI Anomalie



Kaam it omdat ik troch Brabân fytste,
dêr’t de hjerst it lân omklaaide?

En wie it de rook fan kleur
dy’t my ergens oan tinken die?

Hoe’t it ek siet en it kin de master misse,
mar ik wie der tige wis fan,
dat ik by Zundert boppe de fjilden in flecht
swarte roeken fleanen seach.