De wegen fan doe binne der
altyd noch, wêr’t se ek mar lizze:
de sânpaden, de klinkertdiken,
it asfalt dat der oerhinne lein is.
Der wienen fan dy dagen
datst se by dei en by nacht
blynseach wol fine koest,
no moatst der soms nei sykje.
Weromgean liket fansels
op thúskomme, by’t winter
likegoed as by’t simmer, sels
as it paad dreech te nimmen is.
Underkommens út it ferline,
ferboud, opbaarnd of sloopt,
se bliuwe bestean en te finen
oer de âlde wegen fan de tiid.
En de bewenners fan doe,
dy’t der noch binne, binne
gauris op’ en paad en sykje
nei wat se net misse kinne.


















