Hjoed

Konflikt is fertier en de aktualiteit spikerhurd. Kranten tekenje de razende tiidgeast yn in agressyf alfabet. Moard en brân yn kapitale letters. Minsklik lijen yn fet swart wyt. Nee, it is net inkeld argewaasjenijs. De politike point en shoot tusken in frou en in man is in hit. It is hjoed E day. DE DEI. Down town binne se der mei de franje op klear. It is krekt as bin ik tsjûge fan in armageddon tusken twa partij-titanen yn in lân dat skoddet op syn demokratysk fûnemint.
As bûtensteander, dy't even yn Harlem tusken de blues delstrutsen is, ha ik gjin stimrjocht yn dit barren, mar as omsteander tink ik der wol fan alles fan. Lit ik myn stim mar as beskriuwer sûnder erch en doel brûke. Al falt dat net ta. Want wa wurdt it? En wurdt it dan oait yn dit lân noch wol wer wat? Of giet alles moarn wer gewoan syn gonkje en rêdt it him fierder ek wol wer?


hjerst

Eartiids - sis mar yn de maaie fan dyn libben - seachst daliks oan de titel fan in boek datst it al ris earder lêzen hiest. Mei it opsleine byld fan it omslach wie de biblioteek yn dyn holle noch makliker te ûnthâlden. De kâns datst foar de twadde kear oan itselde boek begûnst wie dêrom frij lyts. Sa kaamst boek nei boek fierder troch de tiid fan dyn lêzend bestean. Dat soks op en doer feroarje soe stiest net by stil.  It kearpunt slûpte der lykwols stadich yn.  Op in stuit naamst by in nijsgjirrich âlder eksimplaar  twiveljend earst de tekst op it kaft ris goed yn dy op. Kaam it dy bekend foar? It like wol in hiel oar omslach. Wer wat letter - sis mar wat fierder as healwei de lêswille fan in lange simmer - moast by in oantal boeken earst troch haadstik ien hinne. Hiest de nammen faker sjoen? Inkeld begûnst ek oan haadstik twa, om it ferhaal wat better thúsbringe te kinnen. No is it bytiden al safier datst folslein troch in boek hinne moatst en stel nei it lêste haadstik fêst datst it earder lêzen hast. Of net? Wer dy twivel. Dat seit dan wol wat. Dan is it hjerst. Dan kinst foar de winter moai wer op nij begjinne mei al dy ûnbekende boeken dy'tst yn de kast stean hast. 




hegerop

Datst dêr dan sitst te bekommen yn de sichtline fan de toer, mei skroei yn 'e longen en kerbintige skonken fan de krapoan tûzen stappen op en del, oer de stiennen treppen fan dy âlde Dom.
It wie in drege toer.
Dat is watst yn dy omgean litst en dy tinken docht, dat út dy hichte fan sa'n hûndert meter wei, de djipte dêrûnder dy likegoed wol wat die. Dat wie bysûnder, benammen datst dêr ûnberikber boppe de swijende klokken stiest, as wiest in god: as koest it oerwurk fan de tiid fersette en dysels sitten sjen, anonym tusken de nammeleazen.
Dat is in wûnderlike gedachte, wylst njonken de pilaren yn de lucht fan de grêft kofje sitst te drinken tusken in griemmank fan praters en harkers. Ja, in memorabel momint, dêr yn dy stêd mei de literatuer yn it hert en it lûd fan poëzij yn de nacht. Dan sjochst omheech en tinkst: goed, dat barren hat west, no is echt. Al fregest dy wol ôf wat dat mantsje dêr op itselde stuit docht, dy't dêr hegerop oer de râne fan stien nei ûnderen sjocht.
  



fjoerljocht


Sa't er dêr stiet, yn it healtsjuster mei in opljochtsjend each, dêr't ik eartiids thús boppe yn de appelbeam de winken fan telle koe, wylst ik tocht dat it fjoer yn dat lân oer de see echt baarnde en my wonk: kom ris del!

Sa't er dêr waaks wachtet, steech yn ferset tsjin de nacht, sa wiist er my as fytser no it paad, mei't ik my deljaan kin yn de lijte fan de dunen, dêr't de stilte oanboazet, wylst it himelfjoer beliis jout yn de see.

driuw


Fuort wolle: dan bist nei alle gedachten al heal op reis.  Sabeare op paad mei de fyts, auto, trein of it fleantúch. Wylst der net in meter ferset wurdt is it berik ûneinich.

Fuort sille: dan hast faak al wille. Fan in bestimming njonken de doar of oan de oare kant fan de wrâld.  De ôfstân wurdt noch net troch in limyt beheind.

Fuort gean: dat is tajaan oan de driuw dy't dy yn de macht krigen hat.  De oanset om stadichoan op gong te kommen en der yn te hâlden, fan it begjin oant en mei de ein.

Fuort wêze: dan sweefst wat om ûnder blauwe loften. Wat fierder wat frijer, oan in tinne line yn de romte dy't in leechte folt. As it kin, dan komt it dy ta.



Lês

Ferhalen oan 'e muorre, omtinken foar it moed,
drift troch it each fan toptalinten en besieling 
troffen yn in wink. Gjin fabrykswurk of in oar
kommersjeel produkt, mar de sensaasje fan
it ûnderbewuste fielen yn de byldtaal fan in tiid.





Sjoch

Beweging oan 'e muorre, feest yn primêre styl
mei de toan fan stille wurden fergarre yn in list.
Ferside skriuwersbylden: net libben beskreaun
en drukt as boek, mar alsidich kleur jûn mei in
kwast op in doek, ûnder in laach fan ivich fernis.


Hark

Stimmen oan 'e muorre, leven yn in sletten kast,
it lûd fan toverwurden bewarre ûnder in knop.
Ferjitten dichtersbylden: net hakke yn moarmer
of getten yn brûns, mar klonken yn blinkend stiel
en tiidleas ankere oan in bakstiennen fûnemint.



de reis



               De reis

               De reis nimt romte,
               net minder tiid.
               De reis is oeral
               in striid yn beweging
               dêrst bist of wiest,
               dêrst wêze wolst
               of noch hinnegiest.
               Frijheid of flecht,
               ek sûnder bestimming
               is de reis oerlibje
               yn in nije diminsje.