Derút giet yn´e
regel flotter as deryn, dat wie myn ûnderfining dêr doe ek wer, doe´t ik it lân
ferliet. De fleanfjild rûtines ferrûnen flot. Wol mei de riem út de broek, op
sokken troch de sken en alle ynhâld út de bûsen yn in bakje. Ek it: hannen
omheech, foar dy sjen en knippe naam amper tiid. Op 'e longfoto by de
spesjalist duorret langer. It fûillearjen wie foar de feroaring gjin hânwurk,
mar waard mei in elektroanyske stok útfierd. Even ûnder de oksels by de mouwen del
rûtse, dan nei ûnderen en by de ankels wei binnentroch omheech nei it krús. Ik liet
it moai gewurde. It is ek net ferstannich en sis der wat fan. Hielendal net yn
in lân dêr't populistyske mieningen ek al lang swierder lykje te weagjen as
arguminten. Unwillekeurich hâldst wol oeral rekken mei. Ik hie 't my sadwaande wer
goed oan tiid dien. In slach oer 5th Avenue hold ik moarns koart. Al kaam dat
ek troch de drokte by de hege toer fan de presidint-elect. Dêr wie hast gjin
trochkommen oan. Elkenien woe it gouden bolwurk sjen. En de oandwaanlike protestearjende famkes. Swijend,
as stimmen se mei har yn, rûn it folk der wat ferdwaasd by del. 'Keep walking!
Keep walking, skandearren in pear polysjemannen fan it heale korps dat rûnom nonsjalant
achter de hikken stie. Ik makke wat foto's. Dat dienen de measten by dizze nije
attraksje. Filmploegen ynterviewden omsteanders. Wa fan de foarbygongers soe hjir
bliid wêze, frege ik my ôf. Oan de gesichten te sjen net folle. Keep walking,
dreunde it yn myn ear. Ik fielde my mear in bûtenlanner as de dagen derfoar. Mear
as op alle oare reizen dy't ik diskant oer makke hie. It fielde as stie ik op
in lege bledside fan in wichtich nij skiednisboek.
bylden
the immegrants
Yn byld brocht. Taal fan de ferhoalen wurden. Emoasjes dêrst wurden foar sykje moatst. Dy taal fynst yn it stof fan de stêd.
Grump
Hjoed
Konflikt is fertier en de aktualiteit spikerhurd. Kranten tekenje de razende tiidgeast yn in agressyf alfabet. Moard en brân yn kapitale letters. Minsklik lijen yn fet swart wyt. Nee, it is net inkeld argewaasjenijs. De politike point en shoot tusken in frou en in man is in hit. It is hjoed E day. DE DEI. Down town binne se der mei de franje op klear. It is krekt as bin ik tsjûge fan in armageddon tusken twa partij-titanen yn in lân dat skoddet op syn demokratysk fûnemint.
As bûtensteander, dy't even yn Harlem tusken de blues delstrutsen is, ha ik gjin stimrjocht yn dit barren, mar as omsteander tink ik der wol fan alles fan. Lit ik myn stim mar as beskriuwer sûnder erch en doel brûke. Al falt dat net ta. Want wa wurdt it? En wurdt it dan oait yn dit lân noch wol wer wat? Of giet alles moarn wer gewoan syn gonkje en rêdt it him fierder ek wol wer?
hjerst
Eartiids - sis mar yn de maaie fan dyn
libben - seachst daliks oan de titel fan in boek datst it al ris earder lêzen
hiest. Mei it opsleine byld fan it omslach wie de biblioteek yn dyn holle noch makliker te ûnthâlden. De kâns datst foar
de twadde kear oan itselde boek begûnst wie dêrom frij lyts. Sa kaamst boek nei boek fierder
troch de tiid fan dyn lêzend bestean. Dat soks op en doer feroarje soe stiest
net by stil. It kearpunt slûpte der lykwols stadich yn.
Op in stuit naamst by in nijsgjirrich
âlder eksimplaar twiveljend earst de tekst
op it kaft ris goed yn dy op. Kaam it dy bekend foar? It like wol in hiel oar omslach.
Wer wat letter - sis mar wat fierder as healwei de lêswille fan in lange simmer - moast by in
oantal boeken earst troch haadstik ien hinne. Hiest de nammen faker sjoen?
Inkeld begûnst ek oan haadstik twa, om it ferhaal wat better thúsbringe te
kinnen. No is it bytiden al safier datst folslein troch in boek hinne moatst en
stel nei it lêste haadstik fêst datst it earder lêzen hast. Of net? Wer dy
twivel. Dat seit dan wol wat. Dan is it hjerst. Dan kinst foar de winter moai
wer op nij begjinne mei al dy ûnbekende boeken dy'tst yn de kast stean
hast.
hegerop
Datst dêr dan sitst te bekommen yn de sichtline fan de toer, mei skroei yn 'e longen en kerbintige skonken fan de krapoan tûzen stappen op en del, oer de stiennen treppen fan dy âlde Dom.
It wie in drege toer.
Dat is watst yn dy omgean litst en dy tinken docht, dat út dy hichte fan sa'n hûndert meter wei, de djipte dêrûnder dy likegoed wol wat die. Dat wie bysûnder, benammen datst dêr ûnberikber boppe de swijende klokken stiest, as wiest in god: as koest it oerwurk fan de tiid fersette en dysels sitten sjen, anonym tusken de nammeleazen.
Dat is in wûnderlike gedachte, wylst njonken de pilaren yn de lucht fan de grêft kofje sitst te drinken tusken in griemmank fan praters en harkers. Ja, in memorabel momint, dêr yn dy stêd mei de literatuer yn it hert en it lûd fan poëzij yn de nacht. Dan sjochst omheech en tinkst: goed, dat barren hat west, no is echt. Al fregest dy wol ôf wat dat mantsje dêr op itselde stuit docht, dy't dêr hegerop oer de râne fan stien nei ûnderen sjocht.
It wie in drege toer.
Dat is watst yn dy omgean litst en dy tinken docht, dat út dy hichte fan sa'n hûndert meter wei, de djipte dêrûnder dy likegoed wol wat die. Dat wie bysûnder, benammen datst dêr ûnberikber boppe de swijende klokken stiest, as wiest in god: as koest it oerwurk fan de tiid fersette en dysels sitten sjen, anonym tusken de nammeleazen.
Dat is in wûnderlike gedachte, wylst njonken de pilaren yn de lucht fan de grêft kofje sitst te drinken tusken in griemmank fan praters en harkers. Ja, in memorabel momint, dêr yn dy stêd mei de literatuer yn it hert en it lûd fan poëzij yn de nacht. Dan sjochst omheech en tinkst: goed, dat barren hat west, no is echt. Al fregest dy wol ôf wat dat mantsje dêr op itselde stuit docht, dy't dêr hegerop oer de râne fan stien nei ûnderen sjocht.
fjoerljocht
Sa't er dêr stiet, yn it healtsjuster mei
in opljochtsjend each, dêr't ik eartiids thús boppe yn de appelbeam de winken
fan telle koe, wylst ik tocht dat it fjoer yn dat lân oer de see echt baarnde
en my wonk: kom ris del!
driuw
Fuort wolle: dan bist nei alle gedachten al
heal op reis. Sabeare op paad mei de
fyts, auto, trein of it fleantúch. Wylst der net in meter ferset wurdt is it
berik ûneinich.
Fuort sille: dan hast faak al wille. Fan in
bestimming njonken de doar of oan de oare kant fan de wrâld. De ôfstân wurdt noch net troch in limyt
beheind.
Fuort gean: dat is tajaan oan de driuw dy't
dy yn de macht krigen hat. De oanset om
stadichoan op gong te kommen en der yn te hâlden, fan it begjin oant en mei de
ein.
Lês
Ferhalen oan 'e muorre, omtinken foar it moed,
drift troch it each fan toptalinten en besieling
troffen yn in wink. Gjin fabrykswurk of in oar
troffen yn in wink. Gjin fabrykswurk of in oar
kommersjeel produkt, mar de sensaasje fan
Abonneren op:
Posts (Atom)