fleane

 
Ien prikje, samar klear, mar doe wie it ôfwachtsje wat der fan komme soe. De prik sels die net sear. Se hie dy deis al santich dien, sei de prikster, dat ik siet der ek net oer yn. It gong der fansels foaral om hoe’t it my oer de lea gean soe. By guon koe it nuver beteare.  Yn de bysluter dy’t ik krige, lies ik wêr’t ik mei rekken hâlde moast. Dwilens, pineholle, koarts! Byferskynsels dêr’t ik net op siet te wachtsjen, dat ik joech my jûns bytiids del.   
En pakte it ferkeard út? Krektoarsom! Healwei de nacht bedarre ik yn in dream, in rûs of faaks in hallusinaasje? It wie yn alle gefallen gjin koarts. Wier, wier, ik liich der net om, it wie bjusterbaarlik. Ik koe fleane! Ik fleach as in ûntsnapte fûgel de frijheid temjitte. De wrâld lei ûnder my. Ik skearde yn dûkflechten oer de beammen as sieten se my nei. Ik sile oer bosk en lân, se koenen my net krije. Ik sweefde as in drone boppe giele greiden fol mei hynsteblommen en ik liet my gean. Fleane is ferrekte moai wurk!
Sa sit je jier op jier thús en sa bart der nochris wat. It spite my tige dat ik wekker waard. Gelokkich noch wol yn hegere sfearen en dan joust dy noflik wer del. Wat letter waard it noch gekker. Ik wie op in grut feest en gjinien hie in masker op. Dat feest hie om my net hoecht. It wie my te drok oan ’e holle. Ik gong der even ôf. Doe’t ik de eagen wer tichtdien hie, reizge it my noch troch de holle. Skande tocht ik, al dat folk dat bang foar sa’n prikje is, wylst der safolle wille fan ha kinst. Skande ek, dat ik wiken en wiken wachtsje moat op myn twadde shot om wer fleane te kinnen.    

lêze



 

Dêrearne

 Dêrearne

Bist hjir en dêr net
en hast nearne west,
inkeld yn gedachten
bist witte faak earne.

Earne dêr’tst grinsleas
graach wêze wolle soest,
ast der mar hinne koest:
earne oars as nearne.

Dat dy ûntnadere earne,
dêrst nije kimen seachst,
is fierder fuort as nearne.

Dat neiby, ôfwêzige earne,
dat dyn gedachten pleaget
is like ûnsichtber as nearne.


twaspjalt


De mûne stiet op ’e weau en mealt. It wetter sakket, mar it measte part fan it fersûpte polderlân eaget lykwols as in grutte sompige blikke. It raffelich reid besiket noch wakker de trochsêde petgatten yn de stringen te hâlden.
Keppels guozzen skrasse harren rûte yn de loft en skeare mei it lûd fan in pandekselsonate yn sostenuto oer de keale krite. Manmachtich delstrutsen frette se har sêd oan it subsidiearre boeregers. Swannen driuwe as soargeleaze slachskippen by twaen yn de spegelglêde sletten. Gjin mins of bist dy’t har te nei komt.
Ik sjoch ien wite reager, wylst der foar de winter wol acht omteagen. Wêr binne dy bleaun? Blauwe reagers, binne der noch genôch. By de sleatswâlen del, yn de groppen en tusken it reid spylje se, as iensume wachters yn âld baitsjes, de baas fan it fûgeltsjelân. Op har wite neven en nichten stean se net te wachtsjen. Wat docht dat fine fûgelguod hjir, sille se wol tinke. Se komme út Sûd Europa wist ik. Sûnt in nij klimaat ús temjitte komt hat de wrâld foar har ek gjin grinzen mear. As ymmigranten moatte se it lykwols gauris belije. Dêr’t in wite him om fretten deljaan wol, dêr komt in blauwe him faak fûl oer it mêd. Twaspjalt yn de petgatten. Nuver, want der is romte genôch.



waan

Surplace

Fol fan ferlet binne de tiden
sûnder te ferriden koersen
om te kiezen en te nimmen
nei de simmers fan it suden

of nei de noardlike winters
en troch de speaken hinne
de daagjende eastlike kime,
lykas it westen taastber fier.

Surplace stiet it driuwtsjil
fan in wrâld stil yn it each
fan in wieljende orkaan.

Op it krúspunt fan start
en finish is de foarsprong
foar it falske plat fan waan.



2021

2021 DINGEN

It ljocht wie dy earste dei bysûnder
ûngewoan foar in dei dy’t wol wat stil,
mar fierdersoan hiel normaal ferrûn.

De toan wie net somber, mar helder
en it sicht oer de romte joech perspektyf
yn it palet fan in wikseljende stimming.

It skoep in sûnderlinge sfear, sadat it
my net ferwûndere dat it wat mei my die
en ik stil stie by in ferskaat fan dingen.

Dingen dyst ornaris dochst om te bestean
en dyst litte moatst om te oerlibjen, mar
ek guon dy’t dy sinleas troch de holle gean.

Boppedat skôge ik yn dat dageljocht huverich
it doel fan de dingen dy’t yn de ûnbepade tiid
fan in nuvere winter de wrâld te fiter hienen.

Wêr soe de fierte lizze tocht ik by it tellen
fan de stil bestoarne dagen om my hinne,
wêr leit de kime? En doe draaide ik my om. 


 

neitins


 

Fjoerwurk

As ljocht lûd joech
lykas lôgjend fjoer,
dan hearden we
ier yn ’e moarn
de wolken baarnen
en jûns it flústerjen
fan de lette sinne
dy’t lûklam tane
yn it skimertsjuster
fan it wolkenskaad.

Wa’t dat hearre kin,
dy heart it oerljocht
stilswijend as fjoerflinters
út besiele skildersfingers
op it doek delstriken.

Dinie Boogaart


rekkenskip

De tiid hâldt skoft ast net yn beweging bist, teminsten sa liket it soms. Wiken wurde as it ware wei yn in skiere mist, alteast as de gong der út is. Dagen wurde as nachten ast dy deljoust of deljaan moatst. It ûndergean fan tiid bestiet út ferrifelderij en feiten. Foar it iene slútst de eagen en fan it oare nimst rekkenskip. Alle moannen telle lykwols gewoan de dagen oant en mei de lêste ta. Beweging yn tiid hâldt gjin skoft. Kinst foar en achterút rinne. Kinst rûntsjes drave. Kinst in dearinnend paad nimme of de holle dellizze. De tiid bliuwt op koers. Steech en stiifsinnich.



Desimber ferrifelt de tiid ek net. Desimber giet syn bestindige gonkje oan de ein ta troch. Koarte dagen, hieltiten langere nachten, oere nei oere op de ivige klok. Oant en mei om de tweintichste hinne. Dan beweecht der wat. Dan feroaret de stap op de trep nei ûnderen. Net op slach, mar stadich yn it bewende tempo dat it bestean yn beweging hâldt. Dan giet it wer stânfêst by de trep op nei boppe ta. De klim nei ljochte dagen. Der is gjin stilstân, der is gjin ein, salang ast de eagen iepenslachst en op tiid de doar út giest, wylst der rekkenskip fan nimst, datst dyn tiid altiten in stapke foar wêze moatst.