De top

Wês net bang,
want mei read, giel en blau,
sels yn bryk bestjurre lagen
is in boei hingjend as in loftskip
yn it luchtliddige fan ferwachting,
likegoed fiktyf as feitlik, alle dagen
in beaken en in fêst ankerplak
foar fantasyrike geasten.

Monumint fan Takomstich gelok
Frank Koolen




  Wês bliid mei
  it blau, it giel en it read
  as de fleksibele komponinten
  fan substansjele ideeën,
  dy’t as plastyske projektilen
  ek sûnder Mondriaan en Newman
  mei fjouwerdiminsjonale kleuren
  ús gedachten tekenje.








Wês ris lytsbernich
en in frijsinnich leauwer
yn alle wetteleaze keunst
mei in astronomysk karakter,
dy't ferstienne herten
fan de swiertekracht ferlost,
om sa betsjoene in himelreis
oer de top fan de romtetiid
nei it universele fjoerljocht
fan de ferbylding te meitsjen.

aliën



Statysk yn beweging
en trochgonglik yn de tiid
keart syn kantelpunt de wegen.

Dynamysk finzen slacht er
as loftmaster lykwichtich ea
de boppe-ierdske wjukken út.

De reizger sil as in Aliën
út it wrâldske tsjuster wei,
yn it ljocht ferheven wurde.

Sa giet de grutte reis oan.
Trije, twa, ien...Take-off!
Thunderbird is gone!


KAPKAR / A7-29 X FT van Frank Havermans

 

22


 

erlebnis

Datst dysels yn in boek tsjinkomst is gjin raar ferskynsel. Dat kin gebeure. Boeklêze is soms krekt as troch it rút ergens nei binnen sjen. Achter it glês bart fan alles en tagelyk reflektearret it de lêzer dy’t oan beide kanten liket te stean. It kin mei in tsjok masterwurk of mei in wat lichter boekwurkje, dat docht der net ta. It is mar hoe’t it each der op falt. Sels as it rút beslein is of smoarch fan fingertaasten dan kinst dysels noch as in dûbelsinnige manifestaasje yn dat oare universum treffe. Docht in skriuwer dat ûnbewust of is it opset sin? Dat lit him riede.
As lêzer kinst mei dy moeting dwaan watst wolst. Kinst de konfrontaasje út ’e wei gean omdat it dy besaud, mar kinst de ûnderfining ek as in ekstra diminsje fan it boek yn dy omgean litte.
Ik lit my troch de gewaarwurding fan mysels yn sa’n literêr fermidden graach ferrasse. Ik wol mysels wol tsjinkomme. As in aha erlebnis bygelyks of as de iepenbiering fan in Freudiaansk geheim. Net dat ik om sa’n dûbelgonger sykje, mar it soe moai wêze as it spegelbyld fan wurden yn myn eigen taal in wrâld opropt mei in bestimming dêr’t ik my thús fiele kin. In wrâld yn in oare tiid, dêr’t ik mei de frjemdling fan myn oare sels yn de kunde kom. In tiidleaze, ûnfergonklike reizger yn nijsgjirrige kontreien. In folslein nij karakter mei myn gedachten. Gedachten dy’t tusken heakjes pleatst wurde kinne en de sinnen mei-inoar yn ferbân bringe. Sa belibbest de wille en it fertriet fan it ferhaal yntinser en fielst de spanning better. In knappe skriuwer dy’t dat tusken de rigels troch foarinoar krije kin.

 



hjerst





Hjerstmis

In rekwiëm fan kleuren
ferstjert mei brutsen ljocht
yn de huverige beammen.

Skel is it ferfal fan de lêste
felle toanen foar it roukleed
dat de ierdske tiid beklaaid.

De wyn rekket yn ferfiering
wylst it Lacrimosa mei de rein
oer it kâlde lân ferwaaid.

byld



Wjuklam

It byld dat hingjen bliuwt:
it wankele moarmerwyt
mei splinters fan noed
yn spoeksjogge eagen.

Dat bange byld, dat as in
Venus fan Milo gjin kant
noch wâl mear op kin en
op ’e lêste skonken stiet.

Wjuklam is de metafoar
fan wat machteleazens
yn it libben ferbyldet.

De loft wurdt noait wer
de te befleanen romte.
Dat bliuwt dy altiten by.

lânskip

By in ûnbeskaat lânskip

It is gjin maitiid of simmer dat
him mei gloede fan De Schiffart
yn de ferve beskreaun litten hat,
likemin hjerst of in kâlde winter,

want mei giel en readkoperen
komponinten draacht de kime
it sulverwurk fan in ûntidige loft
dy’t it swurk bluisterich berint,

wylst it tegruzele himelljocht
troch skimergrize wolkenlagen
in hiel jiergong fan alle dagen
yn de grûnsee wjerspegelet.

Sipke de Schiffart



Sirkulêr

De tiid falt rimpen
op de delgeande dyk
kinst de ribben lêze.

Op de ferwâde siden
fan de behurde grûn
lizze de wurden fêst.

It is in neaken gedicht
oer hoe’t we sirkulêr
troch de tiid blêdzje.


put




Fergonglik

Ik seach it unike Waad
dat by leechwetter
bleatjoech wat letter
wer ûnsichtber waard.

In ûnbestindich lânskip
fan einleaze streamen
mei blinkend slyk en slib
fol libben yn ’e kream.

Ik naam lykwols ek waar,
dat wat suver tiidleas like
spitigernôch mar tydlik is.

It tij is keard, dy rike wrâld
wurdt troch slim ûnferstân
in lege gasput en in ôffalgat.


See