rigelfêst
foarnimmen
de beam
Desimberbeam
in graatbehimmele gestel,
dat as in foargoddelik beaken
lang noch
net belies jaan sil.
stiet er skrep en iiswinterfêst
ûnferskillich alles
oereagjend
hoek te hâlden; mei
stege wil.
de stjerren binne syn kearsen
fan ferlet en heidenske
sillegens.
kin syn gebiente bliede
litte,
dan stjert syn siel in iere
dea.
tiidsferrin
It horloazje en de telefoan rinne noch hieltiten lyk, docht op ’e nij gelokkich bliken. Fielst dy de bûsen noch ris nei en giest noch ien kear nei it hûske. By’t hânwaskjen sjochst yn de spegel in man stean dy't wat bestimmingsleas is. In Einzelgänger en in Wanderer, of in Ausreiter miskien. Dy man wit dat er noch in protte kilometers reizgje moat. Hy wit ek dat er graach noch gâns wat kilometers meitsje wol. Al wit er net at syn takomst noch folle takomst hat. De ferwachting fan dat tiidsferrin falt soms ek tsjin.
skeind
De skientme skeind
beret
Prêt à partir
postludium
Retrospektyf
De soele sudewyn wisket de bûtendiken fan de Feanhoop,
tusken de tuorrebouten
stoareaget in reager yn de sleat,
op it haailân stapt in happige
earrebarre suver oer de foet,
wylst op it núnderpaad
it stof fan fytsers de wrâld yn stood.
Troch de laaiblauwe
loft skeart lûdroftich in eskader guozzen,
mei foarop ien út it
spoar dy’t in missing man fly-past docht.
De blikken Herkules
bemealt de krite mei in skjin fermogen,
sa’t it universum faaks
draait op kosmyske wyn en stjerreljocht.
Soms hellet my in
trekker yn mei in reade bûsdoek oan de spegel,
of ik moat wike foar elektrysk
oandreaune âlderein mei in helm op
dy’t as in ferslein
leger fergees flechtsje foar it net te kearen lot.
Toarstich bestel ik in
fleske drinken op it terras by it Polderhûs,
dêr’t ik ynienen tinke
moat oan groeisume reinwetterdagen
en de tiid doest noch
reade of blauwe Rivella bestelle koest.

.jpg)


.jpg)



.jpg)

