Retrospektyf



De soele sudewyn wisket de bûtendiken fan de Feanhoop,

tusken de tuorrebouten stoareaget in reager yn de sleat,

op it haailân stapt in happige earrebarre suver oer de foet,

wylst op it núnderpaad it stof fan fytsers de wrâld yn stood.

 

Troch de laaiblauwe loft skeart lûdroftich in eskader guozzen,

mei foarop ien út it spoar dy’t in missing man fly-past docht.

De blikken Herkules bemealt de krite mei in skjin fermogen,

sa’t it universum faaks draait op kosmyske wyn en stjerreljocht.

 

Soms hellet my in trekker yn mei in reade bûsdoek oan de spegel,

of ik moat wike foar elektrysk oandreaune âlderein mei in helm op

dy’t as in ferslein leger fergees flechtsje foar it net te kearen lot.

 

Toarstich bestel ik in fleske drinken op it terras by it Polderhûs,

dêr’t ik ynienen tinke moat oan groeisume reinwetterdagen

en de tiid doest noch reade of blauwe Rivella bestelle koest.  






Âldermans aksje

Ik socht, seach oeral,
gong alles goed nei,
de eagen krigen har gerak
oer guon nije, meast âlde
alderhande rêgen
fan tinne, tsjokke of midsmjitte
bondels, boeken en geskriften.

Ik rûkte, besnúfde alles,
gong oeral sekuer by del,
de noas as in warbere bij
mei in âldermans bril
deun op de longerige lucht
fan it spraakmeitsjende lêsbehang.

Ik fûn, befielde rûnom
begien en tefreden
it kaft, de siden,
de letters en de rigels:
de sinnen fan de gedichten
fan de deade dichter
en doe bin ik der by sitten gong.






Wodansiken

Bosk

Oerhout kreaket, ljocht
brekt yn it skimerskaad
fan in spoarleaze wrâld.

Tún fan benei oeral grien
ferstrûpt him by’t winter
    yn earnstige ierdetinten.   

Hûs fan alles wat rûnom
fljocht, fan ûnderkrûpers
en de grûnbûne fjochters.

Tûken en twigen kjirmje,
alâlde strampels smûge.
It kreupele hout wjirmet.

Toaid yn it stjerlike blêd
draacht bosk de jierren
mei ierdske swiertekrêft.

Wodansiken  Wolfheze


tekst

 

Tekst is fol fan tekens
mei lange of koarte halen
en soepele streken yn beweging,
it is in gearhingjend meganyk
dat as in keunstwurk in berop docht
op de eagen en it tinkfermogen
om ferbân te lizzen tusken
werklikheid en fantasy.

 Tekst is gjin statysk ding
dat noch nei rjochting siket,
mar in dynamyske konstruksje
dy't as in stjoer rjochting jout
yn de hannen fan de persoan
dy't de eigen koers betinkt.

 Tekst is in frame, dreaun
troch in keatling fan wurden
op in slingerpaad mei sydwegen,
krúspunten, brêgen en tunnels
en soms ek dearinnende stegen.

 Tekst stiet net stil, tekst fytst altiten
fierder nei de bestimming fan it sin.




frede

 In Gedicht

Soms klinkt in gedicht as muzyk
yn de earen mei in meldij
dy’t it tinken suver ferlichtet,
of do hearst in smertlike serenade
foar in ûnberikbere leafde
út it djipst fan in mankelyk hert. 

Soms lêst in gedicht as in roman
oer meislepende minskelibbens
yn in fier lân dêr’t it oarloch is
en in gedicht liket ek wol ris wat
op in skokkende dokumintêre
dy’t fol oangripende bylden sit. 

In gedicht kin by gelegenheden
ek salvjend en treastryk op guon
lêzers oerkomme of just leadswier
en beladen, foaral yn de kontekst
fan in slim sentimintele ballade
of in yn memoriam dêrst fol fan sjitst. 

It bart inkeld ek wolris dat in gedicht
earlik en plan út oan de lêzer blike lit
dat respekt foar oaren en tolerânsje,
likegoed as solidariteit mei ûnderdrukten,
fûnemintele noarmen en wearden binne
en o sa wichtich foar it behâld fan frede.

fergees treinlêze

Op it stasjon fan it Fean wie de drokte fan de spits al oer, de reboelje en opskuor ek. Skjinmakkers dienen mei hege druk alle war om in plasse bloed fan it perron te spuitsjen. Fuotbalfans hearde ik ien mompeljen. Ik seach wach oer it skouder. Gjin rikjend fjoerwurk mear.
Mear as heal leech lûk de trein flot op. Yn Swol waard it drok. Jongfolk foar it meast. In fjouwertal hoody-maten naam oarekant it gongpaad wat balstjurrich sit. 'Stilte kûpee', balte daliks in bazich frommeske achter har. De mannen taaiden fuort ôf. Sigrettereek en weedlucht bleau noch even hingjen.
Yn Lelystêd begûn in oare beskaving. Rjocht foar my oer krige ik selskip fan earst ien en doe noch in reizger. Allebeide hellen se in boek út de tas. In romantsje en in oarlochsboek. Teminsten oan it stikeltried op it omslach te sjen. In hantsjefol oaren dêr't ik sicht op hie siet ek te lêzen. Op de telefoan. Guon meneuvelen derby ferwoast mei de fingers oer it skermke. Fingers, tocht ik, men kin der net sûnder.
Yn Almere stapte de roman alwer út. Ta myn fernuvering kaam der foar har in nije boeklêzer yn 't plak. Sjenre: keukeneamelerij, opleuke mei in protte plaatsjes. Mar it wie in echt boek. Nei Weesp feroare der neat. De trein hold mei syn wenstige lûd it rjochte spoar oan. Alles wat siet hie de holle djip foaroer, net oars as wienen se fersonken yn gebed. Stiet der dan lêskûpee op it rút frege ik my ôf? Ik seach nei bûten om my te ferwisjen. Krekt doe skeaten we de skipholtunnel yn. De boeklêzers tilden de holle even op. De skermtigers net. Ik stoareage yn in it grutte swarte skerm njonken my. Silence lies ik dúdlik en dêrnjonken stie: Stilte. Doe kaam my yn 't sin dat it boekewike wie. Ik hie noch gjin boek kocht. It fergees reizgjen mei it boekewikegeskink wie ôfskaft, hie ik ergens lêzen. 

ûnder it kaft


In boek is it persoanlik eigendom fan de keaper of fan de persoan dy’t it kado kriget hat. Dat liket my in feit. En mei dy eigendomsoerdracht is de skriuwer it ferhaal dus kwyt. Dy hat der ôfstân fan dien en it loslitten op de lêzer. It publyk.
Dat ôfstân dwaan bart fansels net allinnich om it applaus, mar ek om it rindemint. Mei oare wurden: de wrakseling fan it skriuwproses moat ek wat jild opsmite.
It ferhaal sels giet lykwols frij fan alle baten en lesten de wide wrâld yn. It kriget as keunstwurk in plak yn de tiid tabedield en sil yn de neie of fiere takomst syn wearde bewize moatte. Sa wurdt it ferhaal - dus net de rjochten – by it krijen fan it boek feitlik it besit fan de lêzer. Dy lêzer kin en sil der mei dwaan wat er wol. Dy kin it opwurdearje, ûnderwurdearje of der gjin letter acht op slaan. It is mar krekt hoe’t it beteard. Want elk ferhaal is folslein oerlevere oan de grillen fan in willekeurich ferstân.
Mar fan wa binne dan de persoanen út it boek? De protagonisten, de antagonisten en alle oare yndividuen dy’t fan it ferhaal in ferhaal meitsje. Fan wa binne dy minsken mei harren spesjale karakters dêr’t de lêzer al as net kompassy mei kriget? Yn in protte lêzershollen feroarje dy papieren persoanen soms suver yn fleis en bloed. Minsken dêr’t se har oan spegelje, dêr’t se om skrieme of skatterje moatte. Of dêr’t se fan wearzgje. Binne dy haadrolspilers en figuranten autonome wêzens? It kin hast net oars. Se bestean! En se binne fan harsels! Ek yn in boek dat noch noait lêzen is. Under it kaft libje unike persoanlikheden. Se binne boppedat ûnstjerlik. Want sels de stumpers dy’t yn it ferhaal weireitsje komme wer ta libben by it op’ e nij lêzen fan it boek.

De goarre

Watst net sjochst, dat kinst likegoed wol krije
sûnder datst der om frege hast, dan krigest dat
watst leaver net ha wollen hiest, lykas as safolle
minsken om dy hinne. En dan tinkst by dysels:

Wêr komt it wei? Dat wolst dan witte, wolst it
ferklearje kinne. Oarsaak en gefolch, gjin skuld
of boete, dat is dy te min. Tagelyk driuwt de fraach:
Hoe ferrint it? Watst net witst moatst dat belije?

Hiest it mije kinnen en soest it miskien ferswije
ast witte koest wêr’t it weikaam wie? Of wiest
dôf en blyn doest it earder noch net krigen hiest?
It is nuver spul datst net sjochst. It sjocht dy wol!

It binne fan dy lytse dingen. It binne kringen!
Se wrotte yn ieren en sinen. Dy fine goarre
raamt dy by de strôte en nimt de holle finzen.
De siken stykje dy as iislik fjoer yn de longen.

Dyn stim is dy ûntnommen, switfeiend sikest
nei arguminten dy’t der net binne. De fraach
is net langer: wêr komt it wei? De fraach is no:  
Wat dochst der mei en wêr bringst it hinne?

Titan      Igor Mitoraj


sinne

What You See  Is What You Get

Dit is in push-berjocht
foar in trending upload,
ynlogge sûnder account
is foar elkenien akkoart.

Dit is gjin fake-berjocht
mei nepnijs yn de spam
of klikbeet fan in fisker
dy’t jo jild ynklauwe wol.

Dit is it waarberjocht
mei mega-bits en bites
fan de meta maitiidsinne.

Dit is in firaal berjocht
en wat jo bûten sjogge
hoege jo net te pinnen.

People in the sun     Edward Hopper