Lânskip



Besibbe oan it lânskip

Op it hiem fan de bernetiid by de appelbeam lizze
skerpe bylden út it ferline. Dêr blomket it gers foar
de geit en de kninen op ’e blikke njonken de finne.
It ryk foar beukers is in boarterstún fol jongeswille.
By’t simmer kleuret alles pears troch ripe prommen.

Yn it greidlân, efter de pôle foar in keppeltsje skiep,
weidet it fee yn it rynske skaad fan tichte elzenwâlen.
Op ’e kolk by de keallehokken hinget de rook fan kij
út ’e bûthússtâl en it hea yn ’e golle. Heech ûnder de
skuorrenaad dûnsje de kopketommeljende swellen.

Op dat hiem fyn ik yn ’e slommer fan myn ûnthâld it
paad nei de foarein fan it stee dêr’t ik grut wurden bin.
Troch it rút klinkt in taal yn it ferjit en laket it gesicht
fan in dûbelgonger. By de reinwetterbak bloeie ûnder
it dak fan de linebeam ús mem har goudsjeblommen.

It wie ea ek it spul fan pake en beppe en dy, yn in gea
mei griene muorren en blauwe loften. Yn de Wâlden
stie myn widze, dêr rekke ik besibbe oan it lânskip.
Dêr sliepte ik op ’e souder en lei mem ûnder yn har kiste.
Hoeden hifkje ik de klink, mar ik doar him net te lichtsjen.






by de mar (4)

song ik ûnder berûne loften oer it
mêde waar, wylst de reidwâl mei it
sûzjen fan de wyn sa treastlik rûze,
ik rekke yn 'e rite fan it ritme troch
it salvjen fan de rym suver yn´e sûs
fan in lije stoarm-yn-oktoberblues



Lêzers



Us wrâld is mar lyts, dat nei alle gedachten ken elke Fries persoanlik wol in Fryske skriuwer of dichter. De kâns is nammentlik grut dat je by ien yn ’e klasse sitten ha dy't de oanstriid hie om syn brea der mei te fertsjinjen, of dat je by ien op 'e streek wennen dy’t it graach wurde woe. It kin ek samar dat je ergens by't fierljeppen, by it keatsen of op de mar yn 'e kunde kamen mei ien dy’t it al wie. Sels hjoed de dei kom je se yn 't wyld maklik tsjin. Se sitte net allegear nacht en dei achter it kaaiboerd te switten foar it masterwurk dat alle ferkeapsifers oertreffe moat. Boppedat is it hiel goed mooglik dat in protte minsken in letterwrotter yn de famylje ha. Sa moat in mannichte folk op ien of oare wize besibbe wêze oan de literêre keunst. In hiele aardichheid, no? Wat soe dat in lêzers opsmite kinne as soks yn de moanne fan it Fryske boek wat mear omtinken krige. Want lang net elkenien hat der miskien weet fan.
No docht - lies ik al krantsjend - ek noch bliken dat in grut tal skriuwers en dichters sels ien of mear skriuwers yn de famylje hat. Oer predestinaasje, jildingsdriuw of ropping sil ik mar net begjinne, dat liket my net fan dizze tiid. Lit ús foar it gemak mar even oannimme dat skriuwen en dichtsjen yn de genen sit. Mocht soks trochsette, dan kin it tal skriuwers en dichters inkeld noch mar tanimme. Tink ris yn: hast elke Fries in skriuwer of in dichter! Dat sil skielk in protte ta lêzen oansette, dat kin net oars.
Dat sadwaande krige de genetyske skriuwfaktor my yn 'e besnijing. Nijsgjirrich haw ik de annalen en de argiven der op neislein. It kin langer mei in pear fingerklikken, dêr hoege je net mear foar nei de stêd. En sjoch, ik hie 't wol tocht. It stiet aldus beskreaun! Betoerpake is it bern-bernsbern fan Petrus Couperus ( Ideard 1657- Wergea 1735), dy't wer de betoerpake is fan Louis Maria Anna Couperus syn heit. Dat soks, safier fuort, yn ien rigel nei te kommen is, dat is suver in wûnder. It aardichste is fansels dat ús heit ferneamd is nei syn omke Petrus Couperus. Ik ha koartlyn noch op it hôf stien dêr't it bewiis leit, mar of dat mear lêzers opsmyt? It is te betwiveljen.