ynstelling

Wat is de oerienkomst tusken de bewegende bylden fan de plestik fake-fabryk dy't telefyzje hjit en it autentike, stille byld yn in (gouden) lyst út in museum? It antwurd is net yngewikkeld. Allebeide hingje se meastal oan de muorre. De iene thús, de oare faak yn it kulturele ûnderkommen dêr’t it as wurdearre keunstwurk in thús fûn hat.
Likegoed is it ferskil tusken de statyske glimplaat mei bewegende keunsten en de duorsume stof mei libbendige ferbylding hiel grut en it kontrast opfallend. Kabaal fersus stilte. It ferskil yn populariteit is navenant en tagelyk ek signifikant. Wêr leit him dat oan is dan de fraach. Omdat ik dat net wit, stean ik mar wer even stil by de oerienkomst. Beide jouwe se ynformaasje oer de hjoeddeistige en âldere beskaving. Sawol fake as autentyk. Beide ferstrekke se sa ynformaasje oer it publyk dat se oan har bine. Oft dat ien en itselde publyk is lit ik bûten beskôging,  want alle minsken binne ommers nijsgjirrich fan aard en litte har graach fisueel entertaine. Telefyzje, it sirkus, film, in sportwedstriid. Foar de ien boartersguod en foar de oar snobbersguod. Ja, lykas it teater of in museum.
Wat is no it punt yn dizze kwestje? It sit him yn de smaakynstelling hearde ik koartlyn ien sizzen. It gong ergens hiel oars oer, likegoed die de útdrukking my tinken oan in apparaat datst oan en út sette kinst. Ik tink dat lêste om de wille fan kostbere stilte.





Beklach

De hagebeammen skrieme
oer it riboskjend spoekekrûd
en it roukleiend raapsied
gappet delslein nei de siken.

Op ’e klaai fleane ferklomme
fûgels har út noed te pletter,
wylst harren healneakene pykjes
fergees longerje nei wat fretten.

It is maaie: leedoansizzend
waaie de waargeasten oer
sompige geaen en grêven.

Maaie: in nije tiid soe it wêze,
mar in nij lûd, dat lit fierstente
lang al op him wachtsje.



fleane

 
Ien prikje, samar klear, mar doe wie it ôfwachtsje wat der fan komme soe. De prik sels die net sear. Se hie dy deis al santich dien, sei de prikster, dat ik siet der ek net oer yn. It gong der fansels foaral om hoe’t it my oer de lea gean soe. By guon koe it nuver beteare.  Yn de bysluter dy’t ik krige, lies ik wêr’t ik mei rekken hâlde moast. Dwilens, pineholle, koarts! Byferskynsels dêr’t ik net op siet te wachtsjen, dat ik joech my jûns bytiids del.   
En pakte it ferkeard út? Krektoarsom! Healwei de nacht bedarre ik yn in dream, in rûs of faaks in hallusinaasje? It wie yn alle gefallen gjin koarts. Wier, wier, ik liich der net om, it wie bjusterbaarlik. Ik koe fleane! Ik fleach as in ûntsnapte fûgel de frijheid temjitte. De wrâld lei ûnder my. Ik skearde yn dûkflechten oer de beammen as sieten se my nei. Ik sile oer bosk en lân, se koenen my net krije. Ik sweefde as in drone boppe giele greiden fol mei hynsteblommen en ik liet my gean. Fleane is ferrekte moai wurk!
Sa sit je jier op jier thús en sa bart der nochris wat. It spite my tige dat ik wekker waard. Gelokkich noch wol yn hegere sfearen en dan joust dy noflik wer del. Wat letter waard it noch gekker. Ik wie op in grut feest en gjinien hie in masker op. Dat feest hie om my net hoecht. It wie my te drok oan ’e holle. Ik gong der even ôf. Doe’t ik de eagen wer tichtdien hie, reizge it my noch troch de holle. Skande tocht ik, al dat folk dat bang foar sa’n prikje is, wylst der safolle wille fan ha kinst. Skande ek, dat ik wiken en wiken wachtsje moat op myn twadde shot om wer fleane te kinnen.