foarnimmen

 Ysbaarlik,

sa hastich is de tiid,
de jierren lykje wol
mei hieltyd minder
dagen ta te kinnen,
sels de moannen
ferdwine rapper
as de periodiken
oer de post.

Tiidskriften ja,
wa kriget se net
thúsbesoarge.
Hast de iene
noch net útpakt
leit de oare al wer
op de matte,
wylst dyselde
fan in moanne earder
(ek noch yn ’t plestik)
net mear fine kinst.

Dat sil
dit jier oars:
want plestik heart
yn de plestik sek
en papier
by’t âld papier
yn de kontener.





.