de blues

 

Blauw    Armando

sûnder igge
of seame
keart it sicht
wetterspegeljend
grûnleas djip
nei it brânpunt
fan it pigmint
om sa ûndersteboppen
op ferheven hichte
mei de wolken
- ins Blaue hinein -
ferlichte wei te wurden
yn it mystearje
fan de keunst

Ergens

 



Ergens hinne


‘Ik sil fuort,

wêrhinne

dat wit ik net.’

Hy wie fan betinken
dat de bestimming der net ta docht.

‘Ik sjoch it wol’,

sei er betochtsum,

‘der sit my

neat yn de wei.
Ik ha de romte

oer it paad

fan de totaliteit.’



Te plak
Dan komt er 

ergens oan

dêr ’t er gjinien ken.

De tas oan ‘e kant,

de jas oer de stoel

njonken it opmakke bêd.

In finster mei útsicht

oer in frjemde stêd

en wekkerwurde 

sûnder hinder.

It is net minder

as it útpakken

fan in geskink.



Werom

Al is miskien de mins 

de maat fan alle dingen,

in reis nimt grif

de mins de maat.

Alle stappen 

spoare troch de tiid

nei it ûnbekende.

Sels de weromreis

bringt him fierder

fan hûs as er tinkt,

omdat it gjin lêste

bestimming is.


in nij begjin

(mei kâlde fingers)


Hy hie online - want dat moast - in ôfspraak makke foar in nij paspoart en in ID kaart. Trije dagen lang krige er doe yn’t foar in 'herinnering' yn de mail. Oant sels twa oeren fan te foaren ta.
‘Ik waard der der suver senuwachtich fan,’ sei er tsjin de aardige amtenaresse doe’t er him eksakt op it goede tiidstip by de baly fan de grutte burokratyske katedraal melde.
'Ja', sei se mei in sucht, 'en dan binne der noch minsken dy't net opdaagjen komme.' 

De digitale intelliginsje makke guon blykber net tûker, tocht er. Sels wie er wol bliid dat er fan in protte papieren rompslomp ôf wie.
‘Ha jo twa pasfoto’s meinaam?’ frege se wat strang. Grif in teken dat goed lêze wat er yn in mail stiet ek minder waard.
Twa kear moast er in hanteken sette, twa kear waard it nei in kompjûtersken goedkard. Mei in tefreden knikje fan de jonge frou der by.
Soe se har hier sa ljocht ferve ha, skeat it troch him hinne?
Se sloech de blauwe eagen nei him op,  as woe se sizze: no komt it!
En dat wie ek sa.
‘No moatte we jo fingerprinten noch even skenne. Dat is ferplicht’, sei se.
Hy hie it net lêzen yn de mail, mar hie goed yn de gaten dat er him dêr net foar wei wine koe.
Se skode in lyts apparaatsje nei him ta. De funksje wiisde him fansels. Tocht er.
‘Ho, ho, ho!’, rôp se krekt wat te lûd, ’it lampke moat earst read baarne.’
Skrokken lûk er de hân wer om. 

It mocht noch in kear op nij. Earst de lofter wiisfinger. Dat slagge net. Dan de rjochter mar. Wer mis.

It biometryske proses hapere like bot as de alderearste wifi fan jierren tebek. 
Op de pink en tomme nei kamen alle fingers mear as ien kear oan bar.
‘Sa slim ha ik it noch noait meimakke’, krige er wat noartsk te hearen. Hy fielde him suver skuldich.
‘In krimineel soe grif bliid mei sokke fingers wêze.’ besocht er de gek der wat mei te slaan. Gjin reaksje.

Mei in lichte kleur meande se ferwoast mei de mûs oer it buro. It holp neat.
‘Ik ha krekt in oere swommen’, ûntskuldige er him, de fingers binne tink ik noch kâld en glêd fan it gloarwetter.’
Hy pûste en blaasde ris yn de stive fûsten. Bylden fan in gnyskjende Elon Musk dy’t Bill Gates in high five joech kamen even by him op. Sei dy lêste net dat it takomstige keunstferstân fan apparaten net inkeld lêze en skriuwe kin, mar ek problemen oplost?
‘Watte?’
Oft er even mei de fingers by de noas delstrike woe.
‘Huh?’
‘Dan wurde se wat glysterich.’
‘Oh!’
Syn boargerlike rjocht op de tsien minuten dy’t foar de oanfraach stienen wienen al om. Hy krige ek syn nocht, dat hy poetste de kâlde fingers op de noas hast krekt sa read as it lampke fan it systeem dat him yn de biometryske krochten opslaan moast.
De intelliginte datalêzer fan de mins hie it der noch hieltiten dreech mei, mar syn opdracht waard folbrocht. De beide middelfingers woenen it bêste. Hy stuts ien op, om him ôf te reagearjen. Under de baly, sa fatsoenlik wie er noch wol.
Doe mocht er betelje.
‘Ja wis, kin dat wol digitaal’. Se sei it as wie it de domste fraach fan de dei.
Syn hannen trillen in bytsje. De blauwe tosk fan de telefoan krige gjin byt op it automaatsje. Nei trije kear besykjen en ien binnesmûlsk raar wurd kaam it sinjaal goed oer. Akkoord!

Foar 120 euro koe Big Brother as it sa útkaam syn lyk no makliker identifisearje. Mar at se my yn it wetter fine, dan wurdt it neat, stelde er fêst. 

Mei iiskâlde hannen seach er bûten op de telefoan dat er syn nije identiteit in wike letter ophelje koe. Dat joech him moed. Dan koe er letterlik en figuerlik wer jierren foarút en de wide wrâld yn. 

By it thúskommen siet der al wer in earste melding fan in ‘herinnering’ by de mail.






24