Wat heger de keunst, wat grutter it riedsel! Of hoe't
it riedsel fan de keunst de keunstner nei in heger nivo tille kin. Byldhouwer,
skriuwer of skilder, it mystearje fan it sjeny is universeel. Oeral komst it
fenomeen tsjin, ek ticht by hûs. Je moatte der op klear wêze. Want each yn each
te stean mei in stillibben fan Thijs Rinsema docht likegoed in oanslach op it
foarstellingsfermogen as wannear´t men it nijsgjirrich each rjochtet op in net te beteljen glinsterjende
keunstkop fan Damien Hirst.
Op in behindich
doek fan Rinsema ferrifelje inkeld twa figuerstikken de taskôger. It tredde objekt is
it skilderij sels. It smelle listke is as ramt fan in ferhaal it finster fan de
moraal. Vanitas! Alles is leechte! Seit it net genôch? Tagelyk kin der gjin
stiller libben mei it sprakeleaze gesicht fan in deadskop yn byld brocht wurde.
Der is gjin glim of grime, noch wille of pine waar te nimmen. It masker fan de werklikheid is dellein.
Persepsje is lykwols
faak in subjektive kwestje. Stel dat it hjir om in portret fan de eigener fan
it boek giet. Dan wurdt it in hiel oar ferhaal. Al bliuwt it in fraachstik. Mei
it ferdwinen fan it eachljocht swije alle stimmen. Ha we hjir miskien te krijen
mei de lege plasse fan in skriuwer of dichter? Wie it in tinker of in prater?
Stean der wol teksten yn it boekwurk sûnder titel? Wa wit hat de skriuwer in
prediker west dêr't gjinien nei harkje woe. Der is fan alles fan te meitsjen.
It mystearje wurdt der allinnich mar moaier fan. Mar lit ús - mei de keunst yndachtich
- it fierder by de serene stilte fan it taferieltsje hâlde. In fisueel
yntermezzo sûnder kleurklanken. Inkeld gedachten ferwurdzje it swijen.
De ferklearring
fan de mystike artefakten is fansels allinnich mar simpele symbolyk. De ynbannige
komposysje jout de tiid stal. Wat west hat en wat west kinnen hie, faaks mei in
blik op wat is en alles wat noch komme kin. It docht jin suver wat. Each yn
each te stean mei de oeren, dagen en wiken yn it hastige ferrin, mei de moannen
en de ferstjerrende wjerklank fan har nammen. En mei it jier dat troch de lêste
siden fan desimber blêdet en dan it boek tichtslacht. Je moatte der op klear wêze.