spannend...
Ik lês op 't
heden in boek. Op himsels net sa bysûnder, want boeklêze is in wenst en gjin
keunst. Boeklêze is feitlik deagewoan. Der binne gâns mear minsken dy't it
dogge, al is it in groep dy't krekt as guon bedrige bisten alle jierren yn
oantal ôfnimt. Boeklêzers binne in mindertal! Likegoed wurde der noch wol
boeken lêzen. In grut part fan de lêzers docht it nei alle gedachten as ferdivedearring,
in oar part lêst om de geast te ferrykjen of it ego te ferheffen. Yn alle
gefallen is lêze in kwestje fan tiid. Want dat is wat it yn 'e regel nimt: in
soad tiid. In hiel kontrast mei it feit dat men samar yn in hoartsje (as je dat
wolle) maklik achttûzen digitale boeken fan it ynternet delhelje kinne. En ik ha my der by fertelle litten: mei
software der op ta om de sabeare siden op it skerm ien foar ien om te slaan. Is´t
net bjusterbaarlik? Hawar, hoest it ek dochst, lêze is in kwestje fan deljaan
en dwaan. Der moat tiid foar makke wurde. In oere is neat. Mar alle oeren binne
meinaam en de lytse oerkes telle dûbeld. Je moatte der even foar sitten gean.
Ik lês op 't
heden in Frysk boek, dat is op himsels frij bysûnder, want in Frysk boek lêze
is hast mear in keunst as dat it wenst is. It is hjoed de dei eins ûngewoan en
lês in boek yn de memmetaal. Der binne net safolle minsken dy't it dogge. It is
slim bedrige groep dy't as in seldsum bist yn in rap tempo oan it útstjerren is.
Likegoed wurde der noch wol Fryske boeken lêzen, al koe it fansels better. Soe
it helpe as elkenien samar tûzen digitale Fryske boeken yllegaal fan it
ynternet delhelje koe? Wa wit is soks in kwestje fan tiid.
Ik ha dus de
tosken yn in spiksplinternij papieren boek set. In pryslik eksimplaar. De farske inket rûkt as âlde
wyn. Ut en troch merkbyt ik mei de tommeneil in rigel om by te hâlden wêr't ik
bin. Ien foar ien slach ik mei de hân de siden om. Stadichoan...
Abonneren op:
Posts (Atom)