baaie


Net te leauwen, sa bysûnder as in kuier lâns de orizjinele gedachtewrâld fan in oar wêze kin. Ik doel op de útstalling fan in unike kolleksje skilderijen en objekten, allegear spannende betinksels fan in selekt tal keunstners dy't it ferstân fan de foarbygonger mei harren ynderlike driuwfearen kidelje en ferbjusterje wolle. It docht dan ek gjin nij dat sok geastferromjend guod in reis nei Amsterdam de muoite tige wurdich makket.
De doar nei de wrâld fol ekspressive, iepenbiere keunst op it Museumplein hat jierren sletten west, mar koartlyn gong de boel gelokkich wer fan't slot. Dat wa´t him graach ferwûnderet oer hoe't ferburgen saken fan de minsklike geast har dêr omraak oppenearje, kin der lang om let wer syn gerak krije. Yn it fernijde Stedelijk stiet, hinget, klinkt en beweecht in weareld oan ferbazing. In besite is as baaie yn in grutte, wite tobbe fol ferbylding. Alles wat der útstald wurdt toant it libben yn in diminsje dy't fierder giet as inkeld samar wat oerflakkige ideeën. Mar tink der om, sûnder fantasy hat de reis der hinne gjin sin. Want wat it each dêr waarnimt ferget begryp en in iepen blik fan it foarstellingsfermogen. De besiker moat in ûndersiker fan it ûnbekende wêze. De besiker moat net benaud wêze, mar nijsgjirrich nei wat bûtenwenstich is. De besiker moat him yn dy tobbe fan de ferbylding ûnderdompelje litte as in ûnleauwige yn de Jordaan.
Alles wat nuver is wurdt yn´e regel noch frjemder ast der raar fan opsjochst en dat makket de ûnderfining mei moderne keunst oangripend en meislepend. Wat mâler, wat moaier. Wat skikke en ploaie mei de boargerlike moraal kin dan ek gjin kwea. Dan wurket de yllúzje fan de keunst it bêste. Dan sil it beklibje. Dan wurdt de wrakseling in oerwinning. 

rinne


Ik bin op de loftseehaven yn de polder ûnder it Amsterdamske peil. Betonnen boaiem, metalen ramten, glêzen muorren: alles stiket as in labyrint fan gongen en portalen yninoar. It is der altiten ljocht, it libbet dei en nacht. Ik folgje de hantwizers nei de oerdutsen kaden. Oan alle kanten is te fernimmen dat ik troch in meartalige krite rin. It ynternasjonale byld en lûd lit him rûnom ropperich jilde. Each en ear wurdt der net oars fan, de holle skeakelt like maklik op it bûtenlânsk oer as tusken de talen dy't ik fan jongs ôf meikrigen ha. As it mar gjin Sineesk of Sanskryt wurdt, dan kom ik it measte wol nei. Giele buorden mei stive swarte letters en wat sifers wize de rûtes nei de poarten en de pieren.
Departures - Check-in - Gates - Starbucks - Boarding. It kin de master net misse. Wat my al ûntkomt, dat fyn ik mei de mûle wol út. Faaks hoech ik ek net alles te begripen. De ûnbekende wurden binne grif ornearre foar in oar. Alle boeken yn de biblioteek binne ek net de muoite wurdich. Faaks hat wat ik net begryp in doel. Fan skea en skande wurdst ek wizer. Dat wit ik sûnt ik lang lyn as froed backpacker op in oar kontinint it ferkearde antwurd joech op de fraach of ik as dapper boarger fan it lege lân myn finger wolris yn in 'dyke' stutsen hie.
Ik rin lange berûne einen en lês ûnderweis de neiste takomst yn myn hân. It skermke meldt de krekte tiid en oere fan de ljep omheech. In streepkeskoade op papier en in plestik paske mei myn identiteit is fierder alles wat it brûkt om fuort te kommen. It lân achter dunen en diken lit my sûnder betinken gean. Earst noch it lêste ein te foet. Ik lit B en C lizze, ik rin nei D en sykje om nûmer 86.