licht


wat heger sicht, wat lichter dagen,
mei langer ljocht fier út´e hichte
is de sinneskyn ferhevener, it kin
it libben drage as swellen op´e trie

tuike oan

Wêrst ek bist, oeral ferhâlde tiid en ôfstân har ta inoar lykas tekst mei papier. Dochst it mei beide tuike oan om der troch te kommen, dan nimst it measte op. Easy does it dus ast feitlik nergens hinne hoechst. Dat avensearret fansels net bot, mar stadige wegen binne gjin omwegen.
En wêrst ek hinne giest, it each wol sines ek ha. Te foet hifkje ik de stêd op syn merites. Foarkommen, foarm en folume, ik kin der net omhinne. Yn 'e hichte, breedte en djipte beslacht de omfang fan fêste massa it blikfjild. Suver oer en tefolle, it is amper noch út te meitsjen wat wol of net besjen lije kin. It grutte ferskaat fan gevels wjerspegelt âld en modern en yn har skaad krewearje de minsken yn in drift om te oerlibjen. Dat it tempo fan in metropoal heger leit as minent sit my nergens yn´e wei.

Dat nergens nimt de romte dy't ik wol brûke kin en dy romte is in ferhaal mei in iepen ein. Letter foar letter druk ik dy ynfal yn de notysje-app fan myn tûke telefoantsje. Tink ik lykwols wat djipper oer de wurden nei, dan wurdt de fergeliking hurd minder. Alle ferhalen ha ommers in definityf ein, sels as de reade tried nei in soad omwegen wer by it begjin útkomt, krekt as in reizger dy't lang om let wer op it tsjinoerstelde plak fan syn bestimming belânet. Dat is net myn ambysje. Ik bin ab ovo fan hús tein. It liedmotyf driuwt noch op de wynfearren fan myn gedachten. Om de gong der yn te hâlden brûk ik oeral en nergens wat my ynfalt, al leart de ûnderfining dat soks yn de measte gefallen gjin grutte ivichheidswearde hat. Mar dat docht trochstrings letter pas bliken, ast by tafal de oantekeningen wer ûnder eagen krigest. Wêrst ek mar bist.

it begjin

De earste dei fan in reis is net deselde dei as dy wannearst bepakt en mei de gedachten al fier yn´e fierte it eigen hiem ferlitst. Dy dei is inkeld in oanset mei it doel om te wennen oan it materiële ferfier en om de ballêst yn 'e holle kwyt te reitsjen. Mei oare wurden: der moat op syn minst in nacht ferrinne, wol in te slagjen reis definityf fan start gean. In goed boek set ek net altiten op de earste side út ein.
Dan, nei de earste nacht, as de sliep op in wjerstribbich kessen it ier en betiid oerjout, dan is de twadde dei feitlik it echte begjin. De nijsgjirrige macht fan de ûngewoante slacht foar master op en it wurdt pas goed dúdlik dat de deistige werklikheid feroare is. Tenei skriuwt it libben him oars. Elke ôfstân tusken twa plakken fan tiid wurdt in part fan in nij ferhaal.
Op de twadde dei kinst ek de bepakking even stean litte om mei minimale omballingen as in nomade yn it oerwâld op ferkenning te gean. Lykwols, foar in behâlden thúskomst sil earst de kaart fan de neiste omkriten goed ynprinte wurde moatte. Fannijs de wynstreken op it persoanlik kompas bystelle kin ek fertuten dwaan. En mei alle sintúchlike antennes omheech, om benammen de omslach fan lucht en lûd op te nimmen, kinst ek it ljocht as tiidfaktor op dy ynwurkje litte. Dat doch ik, as ik út it hotel wei yn it noch net ûntdutsen libben stap. Gjin noed oer tûkelteammen, it giet fansels. Lichte strjitstiennen drage my tusken rizige muorren. Grutte finsters litte my achteleas gean, tagelyk fljocht alles wat beweecht tsjin de tried yn op in meter by my del. Stikje by bytsje groeit it jongste ûnthâld yn in rûzich dekôr. De reis siket syn earste paad.