it wûnder



It skoutoaniel fan de skilder leit as in ramtfertelling iepenteard foar my. Ik bin publyk, dan sjochst op de earste rang de foarstelling net oer de holle en kin ik mei de oare taskôgers de eagen goed de kost jaan. Nijsgjirrich en de mûle iepen fan fernijing. De meunsterjende kloft is betsjoene. Wat giet der yn har om? Stean se stil by de tiid fan de skilder? Sjogge se troch syn eagen hoe't er yn it libben stie? Se meie syn masterwurk grif lije. Se sille it letter ek moai meinaam fine dat se it sjoen ha. Dêr kamen se ommers se foar. 
Goed sjen ferget geduld en dat falt net ta. Guon gowe alle kanten út. Wat nimt sa´n omsteand laach eins yn him op? Mooglik freegje se har fan alles ôf. Der giet ek hiel wat yn my om. Oer it wûnder fan de ferbylding bygelyks. De trochsnee taskôger ferpleatst him miskien wol yn it ferhaal op it doek om him mei ien fan de karakters te identifisearjen, lykas in lêzer dat docht yn de wrâld fan in boek. Ik kin it my yntinke: it is de ferlieding en de oanstriid om te flechtsjen út de realiteit. De skilder sil it sa bedoeld ha.
Ik
 slach de útstutsen hân fan de deade protagonist lykwols ôf. De ferlieding om oer de grins fan de tiid te stappen krijt by my gjin kâns. Ik hâld mysels net foar de gek. Ik draai my om en stap út it fakuüm fan de ferbylding dwerstroch it tableau vivant achter my. Wylst ik it heden rûk en fiel, spilet in oar ferhaal my troch de holle. It teater fan myn eigen wurden. Mear as samar wat gedachten. Langer as in dream. Perfoarst gjin magy. Ik leau yn de fiksje fan dit libben. Slagge it my mar om dat yn krekt sokke sprekkende bylden as fan dat skilderij op papier te krijen.

omgong

Ja, it is it lôgjende ljocht en de woelige kleurensee: turbulint en rûzich as in twirre. As fruchten fan in ferwoeden geast binne se sûnder mis de grûnslach fan it lânskip dat my yn de besnijing hat. Wa hat de skeppingsdrang fan dizze skilder noch noait yngreven op him ynwurkje litten? It opera omnia lêst ommers as in boek mei eksoatyske printen. Of klinkt dat oerdreaun? In deade boel is it seker net. Alles wat er - sa te sjen rap en mei rûge kwasten - staljûn hat libbet suver.
Al bliuwt it in ûnberikbere realiteit, syn ljocht en kleur dimmet noait. De blinkende stjerrenachten bylkje neat minder as it ferskuorrende sinnegiel. It moat de skilder syn doel west ha en stryk de ferve as in lûdroftich spektakel op it doek om de stilte fan it lânskip te ferbrekken. It is it doel dat him op syn selsportretten by wize fan sprekken út de eagen spat. In doel dat grif syn dea waard en him ferivige. It moat je mar oerkomme. Socht er der om fregest dy ôf of koe er net oars? Yn alle gefallen wie alles op syn libbensreis him tinken, al hat er spitigernôch noait witten op hokker bestimming er oankaam is.
Tiden hawwe tiden. Dêr't de reis fan de tamtearre keunstner al fierhinne dien wie - de âlde roeken boppe it nôtlân soe er koartby skilderje - giet in oar syn reis fierder. It ynliste wurk fan skilders is faak net folle mear as in dekor foar passanten. Op inkele oanbidders nei stiet it measte fakânsjefolk en de flaneurs dy't ha ferfele net lang stil by in skilderij. Even prakkesearje en dan rinne se wer troch. Wat bist sels? freegje ik my of, wylst ik de stadige omgong fan it ferwûnderjen en it bewûnderjen yn my opnim en: wat sjocht in oar wat ik net sjoch?