yn stien

De mins steapelt syn skiednis yn lagen fan ieuwen opinoar. Jagerskampen waarden doarpen en doe steden, bouwurken namen yn omfang en oantal ta. Mar fan oarsprong en opbou is yn it slimste gefal faak mar in bytsje oer. Om de spoaren nei it ferline sichtber te hâlden binne foar de restanten musea oprjochte. Yn sa'n sammelplak stap ik willekeurich troch de biten en brokken fan de tiid. Fûn, krigen, kocht of stellen, it stiet der kreas by. De bewizen fan fergiene en fergriemde beskavings wurde sekuer beskreaun. Wat my oait op skoalle ûntkaam is, kin ik hjir net omhinne. Mar jiertallen bliuwe simpele sifers foar my. Ik fiel gjin bining mei de skiednis, ek al bin ik der in skiterich, lyts ûnderdieltsje fan.
It each lûkt lykwols nei wat it each siket, want sa blyn bin ik net, dat ik gjin ferhaal sjoch dat wearde hat. Op in grau stik granyt, fan likernôch in meter heech en breed, stiet, as wie it troch de goaden sels drukt, in mysterieuze lape tekst. Proaza sa âld as de wei. It byskrift seit dat it referaat yn trije frjemde talen as koadekreaker fan hiëroglifen tige wichtich west hat. Lit it mar sa wêze, de wittenskip moat ek wat te sizzen ha, ik fernuverje my mear oer de skriuwer. Wa is it? In oerstallige fraach. De grutte ûnbekende is fansels al wit hoe lang ta stof fergien. It hânskrift stie de tiid en is no eigendom fan de stien.
Kamera's klikke. Glinsterjende eagen fan museumbesikers gluorkje oer myn skouders nei de fine kribels en figuerkes dy´t jierren tebek as wurden har nut bewezen ha. Stadich draaie we yn in sirkel om de kaäba fan de taal, de noas hieltiten tichter op de betommele glêzen kast. It relikwy is ûnberikber. De talen om my hinne like ûnbegryplik as it skrift. Ik hear it beiteljende ritme as in hertslach slaan. Wa hast west as dyn skriuwen de tiid oerlibbet, mar dyn namme net?

inket


It moarnsmiel nuttigje ik wer op itselde adres. De gelegenheid is troch syn gewoanens, dat him yn de prizen útbetellet, oan te rekommandearjen. Healwei it smelle mar djippe etablissemint, oan in lyts tafeltsje ûnder in hege spegel, doch ik it my skoan oan tiid mei in bak sterke kofje, in baas kroissant en farske sinesappelsop. Tusken de beskieden gongen fan it kontinintale menu troch krantsje ik as in fêste klant. It nijs is myn nijs net, mar letters binne letters, dus altiten nijsgjirrich en de rook fan inket prikelet de gedachten. Om it ferstân skerp te krijen docht in doasis drukwurk op papier noch altiten aardich fertuten. De gearwurking tusken each en noas by it lêzen is neffens myn betinken in ûnderskat fenomeen. Ik doar net te sizzen oft myn stelling al op akademysk nivo bestudearre is, mar it soe my neat fernuverje dat se it sintúchlik ferbân al lang wittenskiplik swart op wyt fêststeld ha. Myn konklúzje is der net minder om. Net inkeld it fisuele aspekt fan inket, mar benammen ek de lucht trunet grif oan ta effektive harsenaktiviteit. By't rûken fan drukwurk sil ergens yn de djipte fan de harsenstam in elektryske ûntstekking de oanset jaan ta in reaksje, dy't as in fjoerpylk troch de grize brij hinnesjit, om yn it oanbelangjende part fan de plasse dat mei taal te krijen hat, in eksploazje fan ferstanlike prestaasjes teweech te bringen. Drukinket as katalysator fan de geast, wa hie dat tocht. Pillen, poeiers, drank en drugs binne oerstallich. Psychologysk is it effekt nei alle gedachten te fergelykjen mei honger, toarst en oare te befredigjende lusten. De oarsaak fan ûntlêzing yn it digitale tiidrek sit him yn de noas dy't syn gerak net mear kriget. De gefolgen binne bekend.