Kriich

Oandien! Ik wist ynienen wer hoe´t dat fielde, dy wûnderlike ûnderfining fan eartiids, omdat ik as it ware samar wer kontakt hie mei it ferline. In yngreven gefoel dat ik goed thúsbringe koe. Opwining, ekstaze, sokssawat. It barde hiel ûnferwachts en ik rekke der suver wat troch fan slach.  It wie... hoe sizze je soks krekt... ja, it wie net minder as in dûk yn de boarne fan primêr ferlet. Ik stie foar tiidleas begripen, wat my ta de bonken ta wat die. Echt wier, doe't ik fan 'e wike foar in kolleksje kleurrike taferielen yn museum Belvédère stie tocht ik hast, dat ik as jonkje de fervekwast wer yn 'e knûsten hie.



Hoe âld sil ik doe west ha? Miskien in jier as fiif? It docht der net ta. Want ik ûndergie wat ik earder belibbe hie. Ik smarde in ferskaat oan kleuren op papier. Ik struts, ik kraste en ik fage yn tsjokke lagen. Ik fielde de striid mei grillige en ûnwillige foarmen wylst ik oer perspektyf gjin inkel sjoege hie. 
Dy bjusterbaarlike ûnderfining gie my op 'e nij troch de hiele lea. Want dêr stie ik dus, each yn each mei it wurk fan Gerrit Benner, in keunstner dy't sûnder mis ek mei sa'n wrakseling dwaande west hie. Kriich!
Dêrom  wist ik dat it bestie. In wrâld yn oerdiminsjes. Stadige seeën mei bûnt betegele loften en jachtige marren, besile troch skerpe skipkes. Utskroeven lânskippen ûnder baarnende wolken. Ik seach beammen as trochsketten strûpmoes en blommen yn opsketten lôgjende greiden. Ik hearde stege hynders  fjouwerjend dwerstroch troch griene muorren draven. Ferve! Matearje as libben konflikt. Foarmen! Yllúzje fan de bernegeast. Kleuren! Emoasje fan de siel.