Derút giet yn´e
regel flotter as deryn, dat wie myn ûnderfining dêr doe ek wer, doe´t ik it lân
ferliet. De fleanfjild rûtines ferrûnen flot. Wol mei de riem út de broek, op
sokken troch de sken en alle ynhâld út de bûsen yn in bakje. Ek it: hannen
omheech, foar dy sjen en knippe naam amper tiid. Op 'e longfoto by de
spesjalist duorret langer. It fûillearjen wie foar de feroaring gjin hânwurk,
mar waard mei in elektroanyske stok útfierd. Even ûnder de oksels by de mouwen del
rûtse, dan nei ûnderen en by de ankels wei binnentroch omheech nei it krús. Ik liet
it moai gewurde. It is ek net ferstannich en sis der wat fan. Hielendal net yn
in lân dêr't populistyske mieningen ek al lang swierder lykje te weagjen as
arguminten. Unwillekeurich hâldst wol oeral rekken mei. Ik hie 't my sadwaande wer
goed oan tiid dien. In slach oer 5th Avenue hold ik moarns koart. Al kaam dat
ek troch de drokte by de hege toer fan de presidint-elect. Dêr wie hast gjin
trochkommen oan. Elkenien woe it gouden bolwurk sjen. En de oandwaanlike protestearjende famkes. Swijend,
as stimmen se mei har yn, rûn it folk der wat ferdwaasd by del. 'Keep walking!
Keep walking, skandearren in pear polysjemannen fan it heale korps dat rûnom nonsjalant
achter de hikken stie. Ik makke wat foto's. Dat dienen de measten by dizze nije
attraksje. Filmploegen ynterviewden omsteanders. Wa fan de foarbygongers soe hjir
bliid wêze, frege ik my ôf. Oan de gesichten te sjen net folle. Keep walking,
dreunde it yn myn ear. Ik fielde my mear in bûtenlanner as de dagen derfoar. Mear
as op alle oare reizen dy't ik diskant oer makke hie. It fielde as stie ik op
in lege bledside fan in wichtich nij skiednisboek.
bylden
the immegrants
Yn byld brocht. Taal fan de ferhoalen wurden. Emoasjes dêrst wurden foar sykje moatst. Dy taal fynst yn it stof fan de stêd.
Grump
Hjoed
Konflikt is fertier en de aktualiteit spikerhurd. Kranten tekenje de razende tiidgeast yn in agressyf alfabet. Moard en brân yn kapitale letters. Minsklik lijen yn fet swart wyt. Nee, it is net inkeld argewaasjenijs. De politike point en shoot tusken in frou en in man is in hit. It is hjoed E day. DE DEI. Down town binne se der mei de franje op klear. It is krekt as bin ik tsjûge fan in armageddon tusken twa partij-titanen yn in lân dat skoddet op syn demokratysk fûnemint.
As bûtensteander, dy't even yn Harlem tusken de blues delstrutsen is, ha ik gjin stimrjocht yn dit barren, mar as omsteander tink ik der wol fan alles fan. Lit ik myn stim mar as beskriuwer sûnder erch en doel brûke. Al falt dat net ta. Want wa wurdt it? En wurdt it dan oait yn dit lân noch wol wer wat? Of giet alles moarn wer gewoan syn gonkje en rêdt it him fierder ek wol wer?
Abonneren op:
Posts (Atom)