Oer de helte fan de dei; oer de helte fan de reis: oer de
helte fan it libben en noch sa folle te sjen. Al hie ik pas in fraksje sjoen, ik ferhastige my net. Ik folge in spoar dat op sealbuordsjes
en plattegrûn ûntbriek. It wie myn eigen spoar, de rûte fan it sin. Dat is yn
in museum noait ferkeard. Sigesaagjend tsjin de tried fan de streamen yn, soms
even rap foar in buslading folk del, of iensum troch de stille sealen mei alles
foar dysels allinnich. By keunst gong it krekt as mei de literatuer om de
yntrinsike wearde fan de kognitive waarnimming, hie ik al ris lêzen, dat moast oer dy hinne komme litte. Ik hie it sels
betinke kinnen. Yn in bestindich gonkje beseach ik
wat my temjitte kaam en sûge de weareld op. Der wie mear te sjen as ik besjen
koe yn de tiid dy´t ik hie. Gâns mear as wat ik oait te sjen krijen soe, dat ik
my ôffrege wannear folle wol genôch wie.
By de
kolleksje moderne keunst koe ik in klasse jonge studinten net ûntwike. Foar in
ekspressyf abstrakt skilderij fan oardel by twa meter út it oeuvre fan Willem
de Kooning frege in learares: 'Wêrom is dit keunst?' De fraach wie fansels tige
nijsgjirrich. Har toan fernuvere my lykwols al. It klonk út 'e hichte. Twivele
se oan de status fan it wurk en de skilder? It makke my dûbeld benijd. Foaroan
miende ien fan de jonges it antwurd te witten, hy stiek bretaal de finger op.
'Omdat it troch in keunstner makke is? Syn maten gniisden. 'En wat is neffens
dy de definysje fan in keunstner?' frege de learkrêft der wat feninich fuort
oerhinne. In raak skot mei gefolgen. De klasse lake him slop en de jonge krige
in kaam. It punt fan genôch sjoen wie blykber berikt. De jonges begongen te
gekjeien, de famkes brochten kollektyf harren mobyltsjes oan de praat. It jonge
spul wie net mear yn 'e beage te krijen.
It urinoir fan Marcel Duchamp kaam my yn 't sin. Mei de namme 'Fontein' hie er hûndert jier lyn in porsleinen pisbak ta Keunst ferklearre. In replika stie yn it Tate Modern as it my net miste. In oare kopy wie al ris foar oardelmiljoen dollar ferkocht. No wie de status fan moderne keunst yn musea of de iepenbiere romte wol faker diskutabel. Mar wêrom soe alles net keunst wêze? Keunst wie gjin religy. It waard net ien oplein en men hoegde der net yn te leauwen. Inkeld besjen wie wol genôch. It oer dy hinne komme litte. Fan alle bylding wie ferbyldingskracht net de minste.