neaken
Dêr't eartiids op 'e Sweach boeken en lêzers
de romte dielden, dêr hong en stie no keunst. Moarmeren bylden en beskildere
doeken. Doe gongen myn eagen oer Mullisch en Claus, om mar ris in pear nammen
te neamen, no geriifden Eja Siepman van den Berg en Lu Xinjian it each. As figuratyf
byldhouwer en modern skilder liken se as it ware besibbe oan skriuwers en
dichters, want de atmosfear yn it monumintale gebou wie likernôch itselde as
doe. Yn de eardere biblioteek lústere ik yn in klimaat fan ferhoalen stilte nei
it lûd fan besieling. Literatuer en byldzjende keunst ha deselde muzikale toan.
En beide binne komposysjes fan en foar de geast.
Nijsgjirrich lies ik de titels, naam de wurden
yn my op en sloech ik de siden fan myn waarnimming om. Sa rûn ik tusken nije
ferhalen troch dy't bekende bylden oproppen. Mei ien foet yn it âlde spoar en de
oare yn dat fan it heden kaam it ferline ta libben. Unbeskreaune foarfallen,
fergetten petearen, ferfleine gedachten. Ik stie yn de keamer foar it rút fan it
hûs dat net mear bestie. Stien foar stien ôfbrutsen, inkeld ien finster bleau bewarre. Simmers en winters fleagen foarby, lykas fleurige maaitiden, wylst
hjerst nei hjerst de bosken ferkleuren. Boeken, bylden en doeken as wjerspegeling
fan in bestean. De neakene wierheid mei de eagen belibbe, oan it moed rekke en troch
de tiid beslein.
Abonneren op:
Posts (Atom)