yn 't rûn


Omheech is de ferdjipping boppe it libben. Net ûnberikber wie myn ûnderfining. It like op fleanen doe't ik út ´e hichte delseach op in lytse wrâld. It wie lykwols gjin flecht, in hiele klim kinst it ek net neame, teminsten ast lykas in pakje yn in bakje streekrjocht nei hûndert meter hegerop sketten wurdst. In hichte dy't my suver wat licht yn 'e holle makke. Deselde holle dy't fernuvere yn 'e fierte om him hinne seach. Oeral yn 't rûn lei it fertroude lân: berûn, befytst en mei de snikke befearn. Fier wie lykwols net sa fier as ik tocht, want achter de hege, glêzen muorren die wer bliken dat romte bûten likegoed as binnen grinzen hat.


Omdel is de ferdjipping fan it bestean. It gong nei ûnderen ek hurd. Ik stie yn in sucht op de begeanbere grûn en koe sûnder tûkelteammen wer alle kanten út. Oer it skouder seach ik noch even by it glêde fjouwerkant omheech. It moderne kastiel stiek as in beaken yn 'e loft, mar eage ynienen in stik minder heech. Foar my seagen twa blanke, yn harsels kearde berneholtsjes inoar swijend oan. Swier neitinkend oer in wiffe takomst of neatsizzend yn gedachten oer it heden. In ferlichtsjende damp waaide súntsjes by har del. Mei de holle yn de wolken kinst ek oeral yn 't rûn sjen tocht ik, it is mar krekt hoest it besjochst. Yn de mist is fansels wer in oar ferhaal.

Drait Blues



Tusken de nijbouwiken fan in opslûpen stêd,
dêr't de koekkoek by’t maitiid syn namme ropt
en roppige reagers spegeljend sykje om fretten,
dêr slomket yn in guodlik lânskip stil en bestindich
in berêstend âld djip, hast troch de tiid fergetten.

Yndamme tusken de haven en de grutte autowei
mjit er mar in pear kilometer lang, al is er breder
as in opnij útdolde feart. Oan wjerskanten gerskje
in hantsjefol skearde skiep tusken de poddeblêden
en mollebulten op de slûgjende simmerdykflanken.

Oer de skulpepaden reizgje - ek mei hjerstich waar-
krigele fytsers en evenredige rinners mei har hûnen
dy't by it talúd del strune en sûnder belet temûk yn
it gers of in reidkraach skite, wylst behurde fiskers
yn ’e hoksen sitte en mei stikken bôle krinkjes smite.

Tusken de middei beseach ik healwei de fytsbrêge
dy wrâld fan Obe mei in mankelyk each. En faaks
wie it in idele gedachte, dochs tocht ik hoe moai it
wêze soe, as ik op in knappe winterdei, mei in goed
stik ridersiis, dêr de redens ea nochris ûnderbine koe.



útflecht


Ast fan fieren komst, dy in skoftke deljoust en dan wer fierder wolst.
Ast it ljocht daagjen sjochst boppe it lege waad, it dyklân en de dunen.


Ast op´e wjukken giest, dêr´t de romte dy'tst sikest yn´e fierte wankt.
Dan witst datst fierwei kaam bist, mar de reis derhinne gjin útflecht is.