ferfal

Twa doazen fol boeken minder yn de kast is in libben yn ferfal. Goed, it wie in foar de hân lizzende seleksje. In eksekúsje fan boeken dy't har tiid hân hienen. Klasse winkeldochters en kastdekoraasje. Der sieten boeken by dy’t as kado kwasi bliid oan en útpakt wienen, mar dêr’t yn de measte gefallen noait de muoite foar naam wie om se te lêzen. Boeken dy’t by in oar troch de ûntlêzing oer en te folle wienen. It wienen boeken fan bekende en ûnbekende skriuwers. Frjemde en trochsnee literatuer. Fan dy ferweesde eksimplaren. It soarte datst sels net gau keapje soest, dêrst ek net om frege hast en noait om freegje soest, mar dêrst de golle skinker wol fatsoenlik foar betanke moast.
It is in apart sjenre, dat suver as nij lang stof stie te garjen yn it skaad fan it nommele en betommele lêswurk. Likegoed taast it fuortdwaan wol yn it moed, net oars as gongen de bern it hûs út en de wide wrâld yn. Wat oerbliuwt is de leechte. Keale planken dogge sear oan de eagen. Stiest der fan freon en fijân ferlitten wat ferlern, mar earlik sein ek ferromme nei te sjen.
Hawar, sels winkeldochters ha rjocht op in goed ûnderkommen. It is te hoopjen dat se goed yn de wrâld te plak komme. Al like de man fan de omrinwinkel der net al te bliid mei. 'Allemachtich, alwer in doaze mei Fryske boeken’, lies ik yn syn suchtsjende eagen. It wie net in lêzer, dat seach ik sa. 'Set dêr mar del, knikte er minlik. Mar hy bleau fatsoenlik, betanke freonlik foar it geskink en winske my: ‘Nog een hele fijne dag.’