byld



Wjuklam

It byld dat hingjen bliuwt:
it wankele moarmerwyt
mei splinters fan noed
yn spoeksjogge eagen.

Dat bange byld, dat as in
Venus fan Milo gjin kant
noch wâl mear op kin en
op ’e lêste skonken stiet.

Wjuklam is de metafoar
fan wat machteleazens
yn it libben ferbyldet.

De loft wurdt noait wer
de te befleanen romte.
Dat bliuwt dy altiten by.

lânskip

By in ûnbeskaat lânskip

It is gjin maitiid of simmer dat
him mei gloede fan De Schiffart
yn de ferve beskreaun litten hat,
likemin hjerst of in kâlde winter,

want mei giel en readkoperen
komponinten draacht de kime
it sulverwurk fan in ûntidige loft
dy’t it swurk bluisterich berint,

wylst it tegruzele himelljocht
troch skimergrize wolkenlagen
in hiel jiergong fan alle dagen
yn de grûnsee wjerspegelet.

Sipke de Schiffart



Sirkulêr

De tiid falt rimpen
op de delgeande dyk
kinst de ribben lêze.

Op de ferwâde siden
fan de behurde grûn
lizze de wurden fêst.

It is in neaken gedicht
oer hoe’t we sirkulêr
troch de tiid blêdzje.