Datst dysels yn in boek tsjinkomst is gjin raar ferskynsel. Dat kin gebeure. Boeklêze is soms krekt as troch it rút ergens nei binnen sjen. Achter it glês bart fan alles en tagelyk reflektearret it de lêzer dy’t oan beide kanten liket te stean. It kin mei in tsjok masterwurk of mei in wat lichter boekwurkje, dat docht der net ta. It is mar hoe’t it each der op falt. Sels as it rút beslein is of smoarch fan fingertaasten dan kinst dysels noch as in dûbelsinnige manifestaasje yn dat oare universum treffe. Docht in skriuwer dat ûnbewust of is it opset sin? Dat lit him riede.
As lêzer kinst mei dy moeting dwaan watst wolst. Kinst de konfrontaasje út ’e wei gean omdat it dy besaud, mar kinst de ûnderfining ek as in ekstra diminsje fan it boek yn dy omgean litte.
Ik lit my troch de gewaarwurding fan mysels yn sa’n literêr fermidden graach ferrasse. Ik wol mysels wol tsjinkomme. As in aha erlebnis bygelyks of as de iepenbiering fan in Freudiaansk geheim. Net dat ik om sa’n dûbelgonger sykje, mar it soe moai wêze as it spegelbyld fan wurden yn myn eigen taal in wrâld opropt mei in bestimming dêr’t ik my thús fiele kin. In wrâld yn in oare tiid, dêr’t ik mei de frjemdling fan myn oare sels yn de kunde kom. In tiidleaze, ûnfergonklike reizger yn nijsgjirrige kontreien. In folslein nij karakter mei myn gedachten. Gedachten dy’t tusken heakjes pleatst wurde kinne en de sinnen mei-inoar yn ferbân bringe. Sa belibbest de wille en it fertriet fan it ferhaal yntinser en fielst de spanning better. In knappe skriuwer dy’t dat tusken de rigels troch foarinoar krije kin.
erlebnis
Abonneren op:
Posts (Atom)