tiidsferrin

De ferwachting fan it tiidsferrin falt wachtsjend altiten tsjin. Alle kearen wer. Altyd as ik moarns ergens ûnderweis ree bin om wer de doar út te gean en fierder te reizgjen, bin ik fierstente te betiid klear. Meastal in kertier. Sawat. Alle kearen wer. It is in doelleas skoft dat needsaaklikerwize net nedich is, mar dat dy wol geregeld yn de besnijing hat. Wat dochst dan... ast de tas al ynpakt en de jas oanlutsen hast. Dan sjochst nochris om dy hinne. In hotelkeamer neisjen by't ôfreizgjen is net folle wurk, mar wol wichtich. Wer ûnder it bêd sjen? Nee! Net dwaan seist tsjin dysels.
It horloazje en de telefoan rinne noch hieltiten lyk, docht op ’e nij gelokkich bliken. Fielst dy de bûsen noch ris nei en giest noch ien kear nei it hûske. By’t hânwaskjen sjochst yn de spegel in man stean dy't wat bestimmingsleas is. In Einzelgänger en in Wanderer, of in Ausreiter miskien. Dy man wit dat er noch in protte kilometers reizgje moat. Hy wit ek dat er graach noch gâns wat kilometers meitsje wol. Al wit er net at syn takomst noch folle takomst hat. De ferwachting fan dat tiidsferrin falt soms ek tsjin.
It paad nei it stasjon is net fier en yn alle gefallen in útgongspunt fan in nij begjin. Hy lûkt de doar achter him ticht, jout it kaaikaartsje by de resepsje ôf en set de stap der yn. De telefoan, syn digitale identiteit as kompas fan ôfstân en tiid, stevich yn de hân. Wat switterich komt er by it stasjon oan. Moai op tiid. In foech kertier.


frij