Dunedin

In stêd is as in grutte biblioteek: strjitte nei strjitte mei krekt sa'n ferskaat oan bouwurken as titels yn in kast fol beskieden eksimplaren oant en mei de ymposantste ta. Stik foar stik ha se wat te sizzen. Moatst it paad al even witte en fyn de moaisten, mar dan gean de doarren nei in wrâld fol bylden wagenwiid iepen.
Elke stêd is wer oars en hat syn eigen talen, want elke stêd praat yn hûnderten tongfallen fan leven en kabaal. It lûd davert op de diken, waait oer de dakken, stuitert tsjin de muorren, brekt troch de ruten en jout him del as letters op papier. Dêr klinkt de wjerklank fan wurden as in bonge yn it ear. 
  

Dizze stêd is in skateilân foar oanspielde boekewjirmen en letternomaden en tagelyk de graal foar doarmjende ridders mei leidige fammen yn kening Arthur sagen. Dizze stêd is in oaze foar skriuwers en dichters op 'e doele, om oer glysterige klinkerts yn tsjustere stegen as dokter Jekyll en mister Hyde troch it mystearje fan de taal te dwalen. 

Caisteal


Caisteal-ardhair
(loftkastiel)

It binne net de dunen, dy berûgele toppen.
De see is fierder fuort en dreger te berikken.
Granyt driuwt hjir op it magma fan de ierde.

De sniebeslipe bergen sliepe yn de achtertún
fan fergetten goaden, befochten en ferlitten
troch âlde stammen fan it eale heechlân folk.

It is net myn thús ûnder dy delstoarten loft,
dochs dream ik my dêr in hûs fan fersliten stien
as in kastiel yn it stof fan ferstoarne fulkanen.


Tuskentiidske tiden


In reis is as in boek: yn´t foar nijsgjirrich om mei út ein te setten en achternei in pronkje yn´e kast fan it ûnthâld. Tuskentiids skriuwt it mystearje fan it ferhaal himsels. Sa kin in reis in pear spannende haadstikken fan it libben yn beweging sette. En al makket byldrike taal it ferskil, in reizger hoecht beslist net as profeet iensum en allinnich in hillige berch te beklimmen of wanhopich sykjend nei ferlossing in slach troch de woastyn te dwaan.
Lykwols... in pear dagen útfanhûs of wat langer en in eintsje fierder fuort as it eachweid rikt, dat liket fansels it meast op in echte reis. Net as toerist of op ien of oare besite. Nee, leaver net oer âlde spoaren en berûne paden. It moat ek gjin plicht of in stap út ferfeling wêze, lit stean in flecht foar gefaar. In reis moat de reizger oerkomme. Hy moat blynseach oer ûnbebane diken doarmje. It wêrhinne docht der net ta, likemin as it wêrom. In reis sûnder klok of kalinder mei it ferstân op nul oer in blanko kaart is de tiid graach de baas.
Likegoed is in reis hast altiten in idee dat in plan wurdt nei dat der in beslút naam is. It is net oars! En in reis tariede betsjut yn´e regel oer it ynternet brûze, boeke en bankiere. Dan pas kinne de grinzen geandewei ferlein wurde. Dan wurdt de reis nei alle gedachten in nij haadstik yn it bestean. Op de fyts, mei de trein, troch de loft, it jout neat hoe. By need mar te gean mei in pakezel de ûnbeskreaune bestimmingen temjitte. Oeral dêr't ûnderweis de grûn genôch hâldfêst jout kriget de geast wjukken. Om reizgje te kinnen as in skriuwer op it tuskentiidske paad.