De See



Sjoch de see, dat blikfjild fan de geast,
it dampich flues as boartlik treast,
in massa libben yn de djipte fan de kime.

Sjoch it spegeljen yn dynjend ljocht
op wiet fluwiel mei dûnsjende fonken
as wyn troch lichte lokken famkeshier.


Sjoch it tij de tiid, it ritme fan ûneinigens,
de folle leechte fan in mistich byld,
peilleas as it tsjuster fan it himelwiid.   

Sjoch de wolken kloftsjen boppe it lôgjen
fan de floed en Neptunus mei syn hynders
fjochtsjen tsjin de oermacht fan de wolven.  


Sjoch de begûcheljende spatten ferve
fan Anders Zorn op akwarelpapier.
Museum Grins, eksposysje: Nordic Art.



Fuort

Mei de kaai yn de bûse sit de doar op slot, dat is yn 'e regel sa. Alteast, nei dat it ûnthâld it byldargyf fan de rûtine even oereaget om der wis fan te wêzen. Wat rin ik fierder noch mear nei? De ynhâld fan de rêchtas: de swierte moat wer wenne. In steapeltsje paskes: ien foar ien binne se my troch de fingers gong. It listke yn 'e holle fan de tiden is de lêste kontrôle. Neat fergetten? Dan fuort! In nije tiid temjitte. 
It is ier op de moarn en skimerich. De dei siket om romte en mei it oanwinnen komt de mienskip foar it ljocht. In gerdyn wurdt iepen strutsen, auto's jouwe gas, in fytser sjit gefaarlik deun noch krekt foar ien lâns. Skoaljeugd rint hastich nei de bus. Dat is myn doel ek.
By´t ynstappen docht it earste paske haperjend syn wurk. Wrantelich wrot ik my healwei it gongpaad op in bank by it rút. Ik sit amper, of we ride al. Hokker fiere reis begjint net mei it rinnen fan in motor? Nuver, ast der njonken stiest dan jout it lûd argewaasje en ast der yn sitst dan kinst it bêst ha. No gûnzet it as muzyk troch my hinne. Fuort sljochtet it mentale paad stel ik fêst, it bypassende lûd skept in nije diminsje. 
Mar thús is noch thús. It byld fan it hûs dat yn it tsjuster achterlitten is stiet my noch nei by. Tebeksjen wol ik net, al fiel ik in ferlitten leechte rikken. Dat sil geandewei minder wurde seit de ûnderfining. Meidat de ôfstân tanimt wurdt it hûs in trochsnee adres. Nûmer, postkoade en strjitte fan de lokaasje dêr't in namme by heart is dan net folle mear as ien fan de ûntelbere bestimmingen op de kaart. Sa giet dat by reizgers dy't hieltiten fierder fan hûs ôf reitsje. En al hoe bêst it plak ek is, witst noait ast der oait wol wer in foet oer de drompel sette silst.

1