De fûgel is los fan de grûn, better byld kin ik net sketse fan it gigantyske gefaarte dat my optilt. Net sûnder muoite docht bliken, want de wjerakseljende swiertekracht lûkt my werom yn de stoel. It is frjemd en fiel dat it eigen lichem werklik út kilo's bestiet. Mar faasje oerwint it gewicht, yn in tel bin ik se wer kwyt. We sile as in boskje fearren omheech. Krekt as eartiids op´e soeie yn de âld appelbeam klim ik hieltyd heger en heger om de loft stikken te skoppen. Sûnder wjerstân berik ik in ûntinkbere hichte. It deade punt! Kjeld sjit my fan de weromstuit troch de lea. Dat dy yslike sensaasje my noch altiten sa yntins rekket. Mar it is sa, ik fiel it en ik wol it op sa'n momint alle kearen wol wer útraze. Yes!
It duorret lykwols te koart: dat longerjende gripen nei ik wit net wat. It is fierstente te gau wer dien. De bân mei de ierde keart myn lichem op. Of reitsje ik in ûnsichtber plafond? It knapt my yn 'e earen. Dôf wurd ik my opslach bewust fan myn kwetsbere posysje. Fleane as in fûgel? Te mâl foar wurden. In minske kin ommers net op eigen kracht troch de loft bewege. Noait! Sels yn de mytology mislearret it jammerdearlik. Guon tinke dat inkeld de siel him op in beskaat momint los fan it ierdske meitsje kin. Dat leau ik net. En al sit ik by it rútsje net op it minste plak, ik hoech ek net te tinken dat ik dêr by need de measte oerlibbenskânsen ha. Dat is likegoed in yllúzje. Kinst dy dêr mar oan ien punt fêsthâlde: it ile streekje fan de kime. It sabeare paad nei de ein fan de reis.