De blik fan de keunstner sit tusken de earen. It is yn´e regel in blik dy't fierder eaget as de deistige gong fan saken en djipper as wat gewoanwei sichtber is. It is in blik dy´t it rom sjocht. De eagen sykje: freegjend en hifkjend. It binne skerpe eagen. Wat se opnimme brûke se om te skeppen. Kleur of foarm? It docht der net ta. Tusken de linen? It kin wol wat lije. Abstrakt of realistysk? It is mar wat it each sjocht. De ferbylding is net oan grinzen bûn.
Portretten binne dêr op gjin útsûndering. In
portret is in ferhaal op himsels. It is in tiidleas momint yn in libben ferline en in ûnfergonklik heden.
Yn de eagen fan it portret skimert de wrâld fan de keunstner. It is faak in
blik sûnder skrupules. De blik fan in
portret lit de eagen fan deaden sprekke en docht de libbenen tinken. Oer langst,
leafde en lijen. En fan dy trije faaks it lijen it measte. In slagge portret
sjocht streekrjocht yn de siel fan de skôger.
Wa´t dat net sjocht mist wat. Wa´t dat net
sjen kin is te begrutsjen. Wa't dat net sjen wol kin him in reis nei de grutte
solotentoanstelling fan Marlene Dumas yn
it Stedelijk Museum fan Amsterdam besparje.