It ferhaal fan de kleuren fan Mark Rothko is
min te beskriuwen. Net omdat der safolle lagen yn sitte, mar ek omdat troch it
ûntbrekken fan foarmen en linen it each gjin hâldfêst fine kin, wylst troch de
kracht fan it diffuze ferskaat de kleuren in organysk en diminsjonaal karakter
ha. Betink dêrom marris wat sinnichs te sizzen dat de lading fan it wurk fan
Rothko dekt. Nee, it binne gjin opperflakkige oerflakken dy´t dizze skilder mei
besieling makke hat. Yn in striid mei himsels en mei de matearje hat er besocht
en lis it kleurspektrum op in hiel eigensinnige wize fêst. Alsa is yn syn
oeuvre it útslachte skala fan de reinbôge yn in apoteoaze op it doek ferivige.
In grut tal fan dy libbene kleurfjilden fan formaat folle op it heden de
sealmuorren fan it Gemeentemuseum yn Den Haag. En it sil it each fan de betûfte
waarnimmer net ûntkomme: it read, giel, of blau fan Rothko hat in hiel oare
wearde as dat fan Mondriaan of Barnett Newman. De ymposante kolleksje mei
stoflike tinten binne ynderlike lânskippen betize yn in metamorfoaze fan
emoasjes. Mooglik mei fan dy gefolgen dat it ljocht yn de suver astrale fjilden
lang om let stadichoan dôvet. Geandewei ferdizenje de kleuren en sakket it
tsjuster oer it libbenswurk fan de skilder. Griis driigjend as swiere wolken en
swart djip as de nacht ferbeeldzje nei alle gedachten de lêste gong fan syn
sykjen. Op de kleurskeal fan Rothko berikte er dêrmei grif it heechste effekt. Faaks
fûn er yn dat skaad sûnder ljocht de stilte dy't er socht. Wa sil it sizze, it
binne inkeld wurden yn it ferhaal fan in keunstner waans krewearjen min te
beskriuwen is.