hegerop

Datst dêr dan sitst te bekommen yn de sichtline fan de toer, mei skroei yn 'e longen en kerbintige skonken fan de krapoan tûzen stappen op en del, oer de stiennen treppen fan dy âlde Dom.
It wie in drege toer.
Dat is watst yn dy omgean litst en dy tinken docht, dat út dy hichte fan sa'n hûndert meter wei, de djipte dêrûnder dy likegoed wol wat die. Dat wie bysûnder, benammen datst dêr ûnberikber boppe de swijende klokken stiest, as wiest in god: as koest it oerwurk fan de tiid fersette en dysels sitten sjen, anonym tusken de nammeleazen.
Dat is in wûnderlike gedachte, wylst njonken de pilaren yn de lucht fan de grêft kofje sitst te drinken tusken in griemmank fan praters en harkers. Ja, in memorabel momint, dêr yn dy stêd mei de literatuer yn it hert en it lûd fan poëzij yn de nacht. Dan sjochst omheech en tinkst: goed, dat barren hat west, no is echt. Al fregest dy wol ôf wat dat mantsje dêr op itselde stuit docht, dy't dêr hegerop oer de râne fan stien nei ûnderen sjocht.
  



fjoerljocht


Sa't er dêr stiet, yn it healtsjuster mei in opljochtsjend each, dêr't ik eartiids thús boppe yn de appelbeam de winken fan telle koe, wylst ik tocht dat it fjoer yn dat lân oer de see echt baarnde en my wonk: kom ris del!

Sa't er dêr waaks wachtet, steech yn ferset tsjin de nacht, sa wiist er my as fytser no it paad, mei't ik my deljaan kin yn de lijte fan de dunen, dêr't de stilte oanboazet, wylst it himelfjoer beliis jout yn de see.

driuw


Fuort wolle: dan bist nei alle gedachten al heal op reis.  Sabeare op paad mei de fyts, auto, trein of it fleantúch. Wylst der net in meter ferset wurdt is it berik ûneinich.

Fuort sille: dan hast faak al wille. Fan in bestimming njonken de doar of oan de oare kant fan de wrâld.  De ôfstân wurdt noch net troch in limyt beheind.

Fuort gean: dat is tajaan oan de driuw dy't dy yn de macht krigen hat.  De oanset om stadichoan op gong te kommen en der yn te hâlden, fan it begjin oant en mei de ein.

Fuort wêze: dan sweefst wat om ûnder blauwe loften. Wat fierder wat frijer, oan in tinne line yn de romte dy't in leechte folt. As it kin, dan komt it dy ta.