styl












Alle tiden fan it jier bekent it lânskip kleur. Mei moai en minder waar en wat allegear net der tuskenyn. Mar skilders komme mei de kwast foar har kleuren út. Net altiten yn de subtile tinten dêr't de natuer sa ryk oan is, de skildersgeast brûkt in eigen styl en hâldt it yn sommige gefallen strak. Mei fêste hân makket er bygelyks lânskipskeunst, of moat men miskien sizze fan dekoraasje copy art?

Yn alle gefallen dogge de kleuren it hjir goed yn it lân. Se springe monumintaal yn it each. Skerpe linen en kante fakken yn in abstrakte harmony fan sterke kontrasten op in grien tablo. It blau is lykwols oars as it blau fan de loft. It giel skynt gieler as de sinne. En it read is reader as in klaproas. It wyt soe as wolkenljocht wol kinne, mar it swart? Dat is igaal tsjuster, nei alle gedachten de ferbylding fan de nacht en jout as tsjinstelling it gehiel mear macht.

de tiid


Is it in toer?  Breed en steech stiket it heimsinnige bouwurk fan gewicht as in strâne skip de hichte yn. It mêsthege, lompe oerskot fan stien en beton stiet ferskûle yn it tichte grien. In wâld dat waakst en sûnder talis de wrâld berint. De fersmiten slompe jout gjin krimp, it is in metafoar. It robúste foarkommen in symboal: de púnheap fan in tiid.  
It is in minskeding, skepen troch minskehân mei in dak sûnder pannen, it is gjin hûs, de muorren ha gjin doar of kezyn. Inkeld ien blyn each stoareaget fergees de romte yn. 
It is in brok stien as yn it gedicht fan Wislawa, mar it hat gjin stim. De massa swijt. Stien jout gjin lûd. Stien harket net. It is kâlde matearje mei gebrek oan bloed. Taal op syn hûd wurdt wei. Wurden gean ferlern. Taal is ek mar in minskeding dat inkeld syn bestimming as hierogliven op de ruïne fan in tombe fynt.
It is in toer en sjoch yn sa'n stiensteapel sûnder kalk en semint in fûnemint dat de tiid stiet. It hert ûntbrekt, ieren binne tichtslibbe kieren. It lit gjin taal of teken hearre. It omskot is dôf foar de skerpe wyn, it fielt gjin winterkjeld, it baarnt net yn de sinne, it is lykas de bergen ien en mien mei de eleminten. Dat is grif de reden en faaks it doel, dat er langer as de minsketaal oerlibje sil.