romtetiid

We wurde troch de tiid sketten,
se sizze dat it mei in knal begûn,
hoe hurd en wêr’t it hinne giet,
dat wit gjinien, mar it skot is fallen,
we kinne net werom, dat is de wet.

We wurde troch de tiid ferrifele,
dy hâldt noait en nergens op: tinke se,
lykas de romte grinsleas wêze soe,
al is it wis dat we oait de ein fine sille,
allinnich wit gjinien wannear’t dat is.

We wurde troch de tiid ynhelle, sels
al fleane we in slach hurder as it lûd,
dat my tinkt, de romte dy’t we noch ha,
kinne we better mar goed benutte, ear’t
we ferdwine yn it grutte, swarte gat.



by't maitiid




Wylst
ik ûnderweis
yn de sinne
in hagebeam
blomkjen sjoch,
oerfalt my
de gedachte
dat ik der
op in dei
net mear bin,
tagelyk komt
my de winter
yn ’t sin
en tink ik:
soe de snie
dan krektlike
wyt wêze 
as de 
hagebeammen
yn maaie binne?