We wurde troch de tiid sketten,
se sizze dat it mei in knal begûn,
hoe hurd en wêr’t it hinne giet,
dat wit gjinien, mar it skot is fallen,
we kinne net werom, dat is de wet.
We wurde troch de tiid ferrifele,
dy hâldt noait en nergens op: tinke se,
lykas de romte grinsleas wêze soe,
al is it wis dat we oait de ein fine sille,
allinnich wit gjinien wannear’t dat is.
We wurde troch de tiid ynhelle, sels
al fleane we in slach hurder as it lûd,
dat my tinkt, de romte dy’t we noch ha,
kinne we better mar goed benutte, ear’t
we ferdwine yn it grutte, swarte gat.