SPIRIT


KRIICH

De loftskippen stean stil
te wachtsjen, spoarleas
tebekwike as ferweesde
astronauten sûnder sike.

De loft ûntjout him wider
en wjerkeatst in lichter lûd,
de kime leit fierder fuort
foar wa’t de fierte siket.

Dochs jou ik ferbiten en
ferside yn de fjochtgroppen
fan de nije tiid gjin belies:

sadree‘t de striid belunet
sil ik foar de wyn rimpen
nei myn loftkastielen sile.





SPIRIT

The airships stand still
waiting without a trace,
taken aback and lost
as breathless astronauts.

The sky is getting wider
rebounding  lighter sounds,
the horizon is further away
for those who seek expanse.

Determined though and hidden
in the trenches of a new age
I will not renounce my plans:

once the struggle is over,
a tailwind will swiftly sail me 
to my castles far away.



de stilte


Doe’t it bluisterige deilûd stadichoan
saksearre en him dêrnei hiel abrupt
deljoech as in fertsjusterjende nacht,
waard der fan in rare stilte sprutsen.

Der hie noch noait sa’n ûnferwachts
sterke delfal fan it deistige leven west,
dat iderien hold ferbjustere de siken yn
en beharke it fenomeen iendrachtich.

Oanstutsen troch huverige gedachten
waard de stilte doe al gau massaal
oeral mei firale mieningen ferbrutsen.

Dy wienen lykwols totaal om ’e nocht,
want de wrede feiten hienen yntusken
it libben al sûnder genede yn ’e macht. 












The Silence

As the boundless sounds
slowly ceased and abruptly
fell asleep like a blackout night,
people spoke of an odd peace.

There had never been such
a downfall of the daily noise,
so everyone kept their breath
listening to the weird effect.

Then, lit by nervous thoughts
the silence vanished fast with
viral scores of loud opinions.

Totally in vain of course,
for the cruel facts would soon
lock down life in a heartless pain.

blyn













De gouden kroan

It deistich libben bestjurre as bloed,
de tiid sakke yn histoaryske stilte wei,
mar it argeleaze folk ferstomme net,
dat jage yn oansettende massa’s troch
ferrifeljende lagen fan fine kamûflaazje.

In helsk kabaal fan steatsretoryk boaze
oan, it sûne ferstân, sa die lykwols bliken,
wie ek ûnder de wet fan sosjale distânsje
fier te sykjen en sa begûn it orkest alfêst
mei Titanysk drege psalmmuzyk te spyljen.

En de sinne dy skynde as de ivichheid,
jimmer skitterjend as in gouden kroan,
wa’t him streekrjocht yn it each seach
koe der fan op oan dat er blyn wurde
soe, mar dêr soenen de wittenskippers
grif ek noch wolris in remeedzje op fine.