De gouden kroan
It deistich libben
bestjurre as bloed,
de tiid sakke yn
histoaryske stilte wei,
mar it argeleaze folk
ferstomme net,
dat jage yn oansettende
massa’s troch
ferrifeljende lagen fan
fine kamûflaazje.
In helsk kabaal fan
steatsretoryk boaze
oan, it sûne ferstân,
sa die lykwols bliken,
wie ek ûnder de wet fan
sosjale distânsje
fier te sykjen en sa
begûn it orkest alfêst
mei Titanysk drege
psalmmuzyk te spyljen.
En de sinne dy skynde
as de ivichheid,
jimmer skitterjend as
in gouden kroan,
wa’t him streekrjocht
yn it each seach
koe der fan op oan dat
er blyn wurde
soe, mar dêr soenen de
wittenskippers
grif ek noch wolris in
remeedzje op fine.