It wankend gefaar is faak
tichter by as dat men
tinkt,
al rint it meastal wol
goed ôf.
Mar doch, it sil dy mar
treffe,
want oeral kipet it om ’e
hoeke
en elkenien kin wat
oerkomme,
Likegoed is it libben fierste
faak krekt Russyske
rûlette.
Ast it fatale wapen sels
net
yn de hannen hast, dan...
hâldt in oar dy wol ûnder
skot
mei de finger oan de
trekker.
En dan treft in ûnskuldich
mins
- ek yn in beskaafd lân -
it hieltyd faker stikken minder.