net maklik


 It boekemantsje

Hy mocht
graach kleurje,
al wie it wol dreech
om keurich tusken
de lyntsjes te bliuwen.

En doe’t er ek al in
lyts bytsje tekenje koe
wienen de foarmen
alyksa in hiele toer.

Krekt as it skriuwen
mei al dy letters
dy’t min woenen
wat hy woe.

Wat yn’e holle sit
lit him net altiten
maklik stjoere.

Pas letter lieten
de hannen har
better dwinge
mei fingers
dy’t wurden
en bylden
fongen.

Oktober


 

Goudstoarm

Tinkend oan de tún
sjoch ik bekoarlike
kleuren geandewei
troch de tiid feroarjen,

rigen ranke tulpen
en titelroazen
dy’t as herauten
de kop opstutsten

en yn de groeisume
simmer pronken
talrike blommen
ferspraat yn it grien,

mei krûden, klimmers,
boaiembedekkers
en fleurige útrinners
fan ferwyldere túch,

de sinne stipe se
graach, mar giet starich
betider yn dizenige
dampen ûnder,

yn de rin fan oktober
wurdt alles minder,
rimpen smoart de hjerst 
de sterkste tinten.

(frij nei H. Marsman)