wille


 De Wille


Ik rûn
doe’t ik it koe
samar oeral wat hinne.

Ik fytste
letter en hyltyd langer
al wat fierder fan hûs.

Ik reizge
oer slingerdiken
en rjochte spoaren,
my lang net fier genôch.

Ik fleach
mei wjokken
boppe de wolken,
dat like der teminsten op.

En ik swom
yn de welle
fan myn wurden,
doe wist ik it seker,
hjir bin ik yn myn elemint!

???












Mystearje

Wat sjochst noch,
as it ljocht dimmet
en de sykjende eagen
omtaaste moatte
yn de skimerwalen 
fan in stilfallende wrâld
om dy hinne.

Wat sjochst noch,
as de kleuren ferinne
en har glâns en gloarje
stadichoan ferlize
om wei te wurden
yn de oanboazjende dize
fan in grauwe floed.

Wat sjochst noch,
ast gjin wurden mear
waarnimme kinst
dy’t de wierheid
ûnder eagen sjen doare
om te beskriuwen
wat se sjogge.

Sjochst dan in planeet
yn in sieltôgjend universum
beskildere mei ljocht
fan ûnbestimde kleuren
dy’t dimmen dôvje
en net mear sear dogge
oan de eagen?

Stoareagest dan ferbline
en tagelyk berêstend
nei de see fan de nacht
yn in kosmyske leechte
dêr’t brutsen weagen
nergens in fêste wâl
mear fine kinne?