In wite winter is moai. In wite winter is ek lestich, hielendal at it lang duorret. Mei oare wurden, in lange, wite winter kin dy nuver yn ’e besnijing ha. Benammen ast fan de fyts gebrûk meitsje moatst. Op smelle bannen is it faak in hiel spul om der troch te kommen. Boppedat kinst de bonken wol brekke. Dêrom is it soms net ferkeard en lit by’t winter de fyts stean. Dat ha ik dien! Ik ha mei de sniebrut mear as acht wiken lang net fytst. In bysûnder barren! Want it heucht my net dat my soks oait earder oerkaam is. Wat ek bysûnder is, is dat it libben sûnder fyts gjin muoite kostet. Goed besjoen is in fytsleas bestean in bjusterbaarlike ûnderfining. Dat hie ik net tocht. Fan ôfwenne wie gjin sprake. Mentale en morele problemen fanwege it gemis sieten my net yn ’e wei. Der is nammentlik in poerbêst alternatyf. En dat is rinne!
Skoechsoal fersus bânrubber dus! It lûd fan de winteljende speaken makke plak foar it ritme fan de stap. Oer tegel, klinkert of tarredyk makke ik stap foar stap fannijs kontakt mei de ierde. Feitlik in normale gong fan saken. In minske is ommers as rinner mei twa skonken berne! De beskaving is der mei út ein set. Rinne is tiidleas!
In goeie rinner is net hastich. Wa’t stapfoets troch de wrâld giet jout de tiid syn gerak. It hat gjin doel en jei, traapje of draaf de jachtsjende massa achternei. Wurdt mar ynhelle! Lit dy mar foarby gean! Reitsje mar út it sicht! Dat gong faak yn my om, wylst ik, as in Aboriginal yn de spoaren fan de âlden, my troch in weareld wyt it paad socht. Tuike oan! Dat is perfoarst gjin lijen. It kin wol wat minder.
Ik rin noch altyd, alle dagen wer. It binne gjin lange tochten dy’t ik ôflis. Kilometers te foet litte har net maklik telle. Ik gean wannear’t it my útkomt en ik nim de wei dy’t der leit. Gean is in oar wurd foar reizgje troch in ynderlik lânskip. Dêr is ôfstân ûndergeskikt oan de lingte fan it koarte bestean. Dêr ferdizenje de grinzen yn de djipte fan it tinken.
Ast yn in mantra fan frije gedachten de iene foet foar de oare setst, dan soest tinke datst net de iennichste bist. Dan fielt it hast of rint der ien mei dy mei. Mar dat is net sa. Geandefoets op paad en wei wêze is iensum wurk. Elke stap dochst allinnich. Komst inkeld dysels as in oaren tsjin. De einzelgänger dy’t tichter by himsels as by in oar is. Hy is de ik, dy’t ik seit at er it oer himsels hat. De rinner! Net mear op jacht of op ’e rin. Yn de snietiid is er ûnderweis nei it griene lân mei de kleur fan de maitiid en de waarmte fan de simmer.