De snein rint nei de ein. Yn in trachter fan romte en tiid bringt it paad my nei in wenplak dat al lang gjin doarp mear is. It is filefytsen de lêste kilometers. In grutte kliber ienrjochtingsferkear slút mienskiplik de rigen. Ut alle hoeken wei sette de ynwenners op hûs oan. Thús is dêr’t de mage neat te koart kriget. Jong, âld, slûch en slim, alles sil sa njonkelytsen by de tafel skowe of yn ’e bank mei in itensboard op ’e skoat foar de televyzje krûpe. Net al te bot yn noed gean ik der fan út dat it my letter wol slagget en fyn foar de nacht in plakje om de holle del te lizzen. Earst sil ik in slach om: de boel ris hifkje. Faaks is der in saak dêr’t se my in goed miel foarsette kinne. Myn thús is dêr’t ik mysels oanhelje.
De dyk rint út it noarden wei streekrjocht it sintrum yn, oant it net mear tastien is om troch te riden. De winkelstrjitten binne ornearre om te kuierjen. Fytsers lûke har der net folle fan oan. Jachtich strûze se oer de sierklinkerts tusken de glêzen pijen troch. Fierder is it der leech en deadsk, inkeld in klokkespul bingelet yn de fierte in sangerjend deuntsje. Ik swalkje om it winkelgebiet hinne. Fername en gewoane hûzen glide njonken my del. Kantoaren, parkearplakken, flats en keale hoeken sjit ik wat hastiger foarby. Oeral deselde wenstige bou-eleminten. It wol net echt wat lykje. It kin ek oars. In pear blokken âlde wenten rinne der wat út. De reade, giele en blauwe kezinen tsjûgje fan in styl dy’t him noch aardich jilde lit. It soe lykwols net ferkeard wêze en fervje de gevels wyt.
Flak foarby in rotonde draai ik alwer sa’n rûn omleine krusing op. Utsjen is de baas. Wat in fytser yn ’e regel hâldfêst jout is hjir weilitten. Gjin boerd of in fatsoenlike streek op ’e dyk te bekennen. De sterkste en de swakste ha hjir allebeide likefolle te sizzen. Demokratysk wurde se twongen en diel deselde romte. Dat liket himsels knap te rêden, mar de kop moat der wol by! Wat is it? In plein? It sil wol.
Oer de ynrjochting is grif mei beliid neitocht. Gjin barsten lieding, mar fonteinwetter spuitet op ferskate plakken hast in meter ta de grûn út. Keunst sûnder boadskip. As in fisk yn it wetter lavearje ik der soepel trochhinne. Romte genôch. Romte dy’t wat mist! In stegerjend hynder mei in generaal op ’e rêch of in mânske obelisk ûntbrekke. Mar it is wol in plein! Hege gevels, glês spegelt en moarmeren muorren blinke. It is in strak plan dêr’t de jûnloft op del sjocht. Oan ’e kâlde kant, dat wol, ik mis it kleurpalet fan saniis.
Tusken de bankgebouwen en kantoaren stiet tsjinoer de skouboarch in restaurant. It sin is der fuort by. Ik sil ite yn it besteklike hert fan in ûnfolsleine stêd. Binnen skolperje beskieden pianoklanken oer de lege tafels, bûten rint it perpetuum mobile fan auto’s en fytsers oanienwei troch. Minsken te foet blike in lestich ûnderdiel yn it systeem te wêzen. Somtiden driget de stream yn it rêd fêst te draaien, om der justjes letter oan in willekeurige kant dochs wer út te giseljen. De fonteinen brûze algeduerich troch. Net ûnaardich stel ik fêst. Mar it gemis opponearret him op ’e nij. It each fan de draaikolk is te leech, de sirkel dêr’t it ferkear omhinne wuollet is in bulte túch en ien lampepeal, net mear as in skerne mei in flagge. Op sa’n fruchtber plak heart eins in monumint te stean. Nee, gjin krystbeam, dat is te maklik tocht. In nijerwetske opstalbeam as symboal fan lykweardich rjocht, dat is miskien in better idee. Of oars in moderne útfiering fan in hiele grutte libbensbeam. In hjoeddeiske Yggdrasil yn blikkerjend stiel of read rustkjend izer. Ja, dat soe wat wêze. Grutsk, monumintaal en ymposant! My tinkt, in moai putsje foar in smid dy’t it rom sjocht. In tsjoender dy’t mei de hannen izer bûge kin. In keunstner dy’t mei fjoer ta de ferbylding sprekkende skulptueren skept. Sa’nent moat dochs wol te finen wêze om dit plein fan de ferlerne romte in siel te jaan?